In boekwurk fan 64 siden...
Soer en swiet op it wetter
Tjibbe Nieuwland
Soer en swiet op it wetter
is in újefte fan de stifting Stellingwerfs Eigen (2014)
Foaropwurd
It
boekje wat hjir foar jo leit, bêste lêzer, is in libbensecht
ferhaal dat ûntstean is wilens de gâns protte fytstochten, dy't ik
makke ha. Om't ik it ferhaal net foar mysels hâlde wol, besykje ik
it op pepier te ferwurdsjen. Ekskús foar myn ienfâldich taalgebrûk.
Ik bin in fytser en gjin skriuwer. Dochs hoopje ik jo boeien te
kinnen mei myn ferhaal.
Alle minsken as situaasjes yn it boekje
berêste op suver tafal en binne yn de fantasij fan de skriuwer
ûntstean. Ik hoopje jo in pear noflike oeren lêswille jaan te
kinnen.
Tsjibbe
Nieuwland
Mei
tank oan myn dochter Marijke, foar de kompjûter bewurking.
Haadstik 1
'Potverdikke jonge, grutte kloatsek, sit net te dreamen.' Hy joech in flinke ruk oan it stjûrrâd en om't hy fluch fear, reagearre de boat fuort en skeat nei stjûrboard. Yn in eachwink seach hy de skerpe boeg fan in grut skip op noch gjin meter oan him foarby gean. Heftich slingere de boat troch de boeggolf fan it skip. De skipper hie skynber neat fernommen fan de omtrint oanfarring mei de boat. Dat wie ek gjin wûnder want de kop fan sa'n leech skip leit sa heech datsto fanút de stjûrhutte op sa'n fjirtich oant fiiftich meter foar dy earst op it wetter sjen kinst. Hy gie der fansels fanút dat sa'n plezierboatsje wol útwike soe, mar dan moat dy wol de kop derby hawwe en net sitte te mimerjen oer syn libben lykas Gerrit die. De boat lei al yn it reit foar hy goed en wol fan de skrik bekommen wie. Hy lei in tou om in beamke oan de wâl en besleat earst mar in kop kofje te meitsjen en in broadsje te smarren.
Tjonge, dat wie op it nipperke. Dêr hie der omtrint op de boaiem fan it kanaal lein. En om no hjir, tusken Kalenberg en Stienwyk, te fersûpen like him dochs net it ein. Hy moast alwer leitsje om de wurdspeling (it ein). Hoe it kaam dat Gerrit de kop der net by hie, wiene syn tinzen oan it ferline. Hy hie syn libben nochris de revue passearre litten. Seis en sechstich jier lyn wie hy yn Harns berne, al wist hy dêr net safolle mear fan. Syn heit Jan Blok en Grytsje Been (ja, dêr wiene al in soad grappen oer makke) hiene him dat letter ferteld (oer dy berte dan). It wie in strange winter west. Sa strang dat der yn meert noch in heale meter iis yn de kanalen lei. Jan wie wiken thús west om't der gjin skippen farre koene, want Jan Blok hie mei skippen te krijen. Hy wie nammentlik kraandriuwer by it havenbedriuw yn Harns. En as der gjin skippen fearnen wie der neat om oer te slaan, sa't hja yn de havens it lossen fan skippen neame.
It wie de iennige berte west by Jan en Gryt want hoe't hja it ek besochten, Gerrit bleau allinne. Eins wie dat ek net sa botte slim want Jan hie wol in fêste baan mar de leanen wiene net heech. En op dizze wize koene hja goed rûnkomme en ek de hypotheek op har wenning stadichoan wat ôflosse. Gerrit hie in jeugd sûnder soargen hân. Doe't hy nei de legere skoalle gie, wie hy yn al syn frije tiid op it haventerrein te finen. Hy koe al de havenwurkers en de skippers dy't der kamen te lossen as te laden. Ek mei de frachtweinsjefeurs koe hy bjusterbaarlik goed opsjitte en hy mocht soms wol ris in ritsje mei. Syn kammeraden fan skoalle wiene nochal ris jaloersk en lieten dat faaks ek fernimme. Der waard geregeldwei knokt en dêrtroch kaam hy fan tiid oant tiid thús mei in bult op 'e holle as earne in blauwe plak. Heit Jan sei dan, 'Ja jonge, dat heart der allegearre by. Lit dy mar net op 'e kop sitte en sla der ek mar op.' Hy gie der net efteroan, de jonges moasten it sels mar útsykje. En hy hie fansels gelyk. Gerrit waard der selsstannich troch en hie der in soart profyt fan, mar it gie mem Gryt wolris oan it herte as hy wer mei in bulte op syn holle thús kaam. Mar dêr wie hja ek mem foar, no.
Nei de legere skoalle gie Gerrit nei de ambachtskoalle want hy woe letter ek op in kraan yn 'e haven. Dat like him sa machtich moai ta, dêr heech boppe it terrein, yn sa'n grutte kraan efter dy lange hendels. Jan riede syn soan dan ek oan op skoalle goed syn bêst te dwaan om alles oan de weet te kommen oer technyk en elektriesch om letter sa'n soad mooglik diploma's te heljen want papieren moasten jo hawwe. Sels hie hy die net want hy wie in praktiekman. Dochs spyt it him noch wol ris dat er net mear leard hie. Mar dat wie yn syn jongereinstiid net oan 'e oarder. Der moast wat fertsjinne wurde en dêrom wie hy fan de skoalle ôf fuortendaliks by de haven terjochte kaam om hurd te wurkjen yn de skippen. Yn dy tiid wie der noch in soart hânwurk en dat woe hy syn soan graach besparje. Hurd wurkje is net slim mar wurdt mearstentiids net sa goed betelle.
Haadstik 2
Sagau Gerrit 18 jier wie mocht hy ien dei yn 'e wike by de haventjinst komme om wurkûnderfining op te dwaan. Earst as manusje fan alles en nei ferrin fan tiid mocht hy ek wol ris besykje mei sa'n kraan te draaien. Net yn in skip mar op it terrein en dat foel him noch net ta. Ek net by syn heit, mar by Omke Dirk, in broer fan syn mem. Dit like Jan better, oars wie it te eigen. Hy fûn himsels ek te ongeduldig om syn soan op te leiden. Omke Dirk wie in rêstige man en hie alle geduld mei de jonge. Gerrit learde fluch en mocht al gau ris in skip losse. Earst wat stiksguod en letter mei de grieper ûnder tafersjoch fan Dirk.
Doe't hy ienentweintich wie hie hy syn diploma's en kaam hy yn fêste tsjinst by it havenbedriuw. Dat wie doe noch gewoan, in fêste oanstelling. Grutsk as in pau kaam hy mei syn earste leansekje thús. Hy joech syn mem in part fan de sinten want hy hie oant no ta noch neat fertsjinne en syn âlden hiene al hiel wat foar him betelle. Hja stribbelde yn it earst noch wol wat tsjin mar hy stie derop om wat kostjild te beteljen. Hy hâlde noch genôch oer om te sparjen foar in brommerke. Syn kameraad wurke by de fytsesaak en dy soe foar him útsjen nei in goede twaddehâns. De wrâld waard harren te lyts yn Harns. Op 'e fyts nei Frjentsjer, dat gie noch wol mar Ljouwert of Den Helder, dat wie oare koeke. Hja moasten op jacht want de famkes yn harren eigen stêd wiene net goed genôch. Wat jo fan fier helje is fansels folle better. Gerrit hie al in pear kear in scharreltsje hân mar de wiere noch net fûn. Krekt foar hy twaentweintich waard hearde hy fan syn freon dat sy yn 'e saak in moaie brommer stean hiene. De oare deis gong hy der fuort op ôf, en ja hear, dêr stie der. In Zündapp fan noch gjin twa jier âld. Goed ûnderhâlden en foar in gaadlike priis. Mar hoe't hy syn sparjild ek telde, hy kaam de hyltiten fiifensantich gûne te koart. Syn mem seach fuort wol dat der wat oan de hân wie.
Dêr binne memmen goed yn en doe't hja dan ek hearde wat it probleem wie gie hja mei heit Jan om 'e tafel en lei hja it jild der op ta wat hy te koart kaam. Oer in wike wie hy jierdei en dit wie dan ek syn jierdeiskado. Sa bliid as in bern tôge hy nei de fietsesaak en helle de Zündapp op. Fuort efkes in rûntsje troch de polder. Fantastysk fielde dat, hy song it heechste liet en de boeren seagen him mei fernuvering nei. Dêrnei waard de wrâld foar de jonge mannen in stik grutter. Tjonge, tjonge, in sneintemiddei nei Ljouwert as nei Den Helder. Alles koe en hja tôgen dy selde simmer nei Egmond oan See mei in tinte achterop. Wat in aventoer. Dochs fûn hy dêr ek net wat hy socht. Doe't der in feest wie yn Frjentsjer kaam hy oan de praat mei in moai famke dy Gea hiet. Hja wie yn syn eagen it moaiste famke wat hy ea sjoen hie. Hja wie wol hoeden en gie net samar mei de earste de bêste jonge mei. Mar Gerrit like har wol in aardige fint ta en hja praten ôf dat hy de oare sneins werom komme soe. De wike dêrop wie Gea net út syn tinzen en hy koe omtrint net wachtsje oant dy snein. Op syn peaskebêst ried hy nei Frjentsjer en ja hear, hja wie dêr, wêr't hja ôfpraat hiene. It wie foar it earst dat Gea mei in jonge mei gie. Har mem hie har warskôge dat sy goed útsjen moast mei sa'n frjemde fint en dat hie sy tasein.
Wêr't hja dy middeis west wiene, wist Gerrit net mear doe't hy de jûns nei hûs ta ried mar hy wist wol dat hy fereale wie. Smoarfereale en dat wie fan wjerskanten want Gea koe der ek net fan sliepe. Gerrit wie wol in bytsje skrokken doe't hy hearde dat Gea de dochter fan slachter Van der Velde wie. Sy fan goede komôf en hy in jonge fan in ienfâldige kraandriuwer en foar dat wurk hie hy ek keazen. Mar Gea makke dêr gjin punt fan. Hja sei, 'Tinksto dat wy ryk binne? Ja, as alle klanten no fuort-en-daliks betelje soene wat hja noch skuldich binne, dan hiene myn âlden minder soargen en mear jild. Dan koe ik ek wat mear fertsjinje'. Want Gea wurke thús yn 'e winkel en wist dan ek hiel goed dat der nochal wat klanten yn it boek stiene. En do moast fan goede huize komme om al dat jild binnen te krijen. Mar dat wist Gerrit net. By harren thús waard alles altyd fuort ôfrekkene. Mem Grytsje sei altyd, 'At wy gjin jild hawwe dan kinne wy neat keapje, punt út'.
Haadstik 3
Och, wat wie Gerrit senuweftich west doe't hy foar 't earst by Gea thús kaam. Letter kaam hy der wol efter dat dit net nedich west wie want Piet en Mary van der Velde wiene hiele aardige minsken en hy fielde him dêr slim wolkom. Hja woene fansels wol graach witten wêr't hy wei kaam en wa't syn âlden wiene, mar dat fûn hy gewoan. It wie logysk dat hja witten woene mei wa harren dochter omslacht. It wie eintsjebeslút har iennichste bern. No, dat wie Gerrit dus ek.
In wike letter helle hy Gea op mei syn Zündapp om yn 'e kunde te kommen mei syn âlden en hy fernaam dat Gea hielendal net senuweftich wie. Dat kaam om't hja wend wie mei allegear minsken om te gean yn de winkel en hy krige hieltyd mear bewûndering foar har. Jan en Grytsje keurden har goed. Hja foel fuortendaliks goed yn 'e smaak mei har flotte praatsjes. In aardig famke, dêr wiene hja it wol oer iens en de tsjokke ljirrewoarst dy't Gea meinommen hie smakke ek poerbêst. Ja, mei so'k wat lekkers kinsto wol oankomme as slachtersdochter. It waard ekstra let doe't hy har jûns nei hûs ta brocht. Hy kaam hast net út har omhelzing los. Ja, it siet wol goed mei dy twa. Hy brocht de brommer nei de dyk foardat hy him startte om de âlden net wekker te meitsjen, mar Mary hie wol heard dat hy fuortgong en tocht oan har eigen jongereinstiid. Heale nachten mei har Piet op en út en it ôfskie yn de efterhûs.
Hoe sterk Gerrit ek lange nei de dagen mei Gea, dochs kaam hy mar ienkeer yn 'e wike. Dat wie doe noch hiel gewoan en hja fûnen it ek wol goed sa, dat hâlde it moai spannend. Oan seks tochten hja noch net, alteast hja tochten der wol oan mar Gea wie der noch net oan ta en Gerrit respektearre dat. Hy hie syn hân wol ris ûnder har rokje gliedzje litten en yn it broekje har poeshier field mar dêr bleau it by. Har mem hie har goed warskôge, foar de gefaren dy dêr yn skoelden. Gerrit syn mem hie it oars oanpakt. Dy wiisde him op de mooglikheid om kapokjes te keapjen. Sa neamden hja condooms yn dy tiid. Hja wennen yn in havenstêd en dêr wisten hja wol wat der te keap wie op dat mêd. Mar om in winkel yn te gean om soks te keapjen, dat frege nochal wat moed. Doe't Grytsje fernaam dat hy dêr tsjinop seach naam hja it heft yn eigen hân en helle in pear pakjes foar him. No hiene hja it fierder sels yn de hân, mar it jongfolk wie ferstâniger as Grytsje tocht hie. Sa'n oardel jier koene hja har lusten bedwingen en dat wie net yn it earste plak Gerrit syn fertsjinste.
Haadstik 4
Op in moaie sinnige sneintemiddei hierden hja in boat en fearden tusken de hege reithage oer it nochal drok befarren kanaal. Benammen sylboaten wiene goed fertsjintwurdige en dêr moasten jo foar útsjen want dy hiene al lafearjend it hiele kanaal nedich. Nei in oerke farren luts Gea har bloeske út om har troch de sinne wat ferkleurje te litte. Hja koe dat ek wol brûke want alle dagen yn in kâlde slachterswinkel brúnde net al te bot. Gerrit seach it mei nocht oan. Sy wie in moai famke, net al te tin, mar dat hoegde foar Gerrit ek net. 'Der moat wat hâldfêst oan sitte,' sei hy altiten en dat siet by Gea wol goed. Sy hie doe't de boarsten útparten waarden ek net efteroan stien. Sy soarge dan ek foar in moai útsicht, sa foar op 'e boat. It foel Gerrit op dat hja wat ûnrestich waard en wie benijd wat der wie. Sy sei dat hja nedich pisje moast mar do komst hjir nearne oan de wâl. Boppedat wiene hja net bepaald allinne, dat Gerrit stjoerde de boat behindig in brede sleat yn en nei in meter as fyftich liet hy de boat fêst rinne yn in brede reitkraag sadat hja hielendal út sicht wiene. 'No fanke, gien dyn gong,' sei er. Gea seach in bytsje hopeloos om har hinne mar hy sei 'Hup, kont oer de reling en pisje mar.' In soad tiid om nei te tinken hie hja net want de need wie heech en dus luts sy fluch har rokje út en skopte it fan de skonken, broekje omleech en gie op de râne fan 'e boat sitten. Gerrit hold har goed fêst sadat sy net efteroer donderje koe. En sa pisse Gea foar 't earst fan in boat en oan it kletterjen te hearren slagge dat bêst genoch. Doe't hja klear wie en besocht om oerein te kommen liet Gerrit har efkes los en dêrom greep hja him fêst oan syn bloeske en sei, 'Dat is gemeen.' Mar Gerrit liet fansels syn Gea net in't wetter falle en luts har tsjin him oan sadat hja net de kâns krige har broekje op te heisen. Yn in ynlike omhelzing fielde hja syn waarme hannen om har bleate billen wêrnei hja har oerjoech en net langer tsjinstribbele. Wylst Gerrit in rubber hoeske út de ferpakking frommele makke Gea syn broek los en treau him nei ûnder del. Wylst hy mei triljende hannen it hoeske oer syn stieve piemel útrôle, liet Gea har op 'e flier fan 'e boat sakje en die har mollige dijen wiidút. Gek waard hy by it sjen fan har swart behierre poeske, sakke troch de knibbels en liet syn kameraad syn wei sykje. Tegearre sweefden hja nei de sânde himel fan genot. In reitvinkje song in lietsje yn it reit njonken de skommelende boat. Dit moast eins in heal oere duorre moatten ha mar nei in pear minuten berikten hja harren hichtepunt al. Doe't hja noch efkes neigenoten fielde Gerrit ynienen dat it hoeske in maatsje te grut waard en moast hy fluch hannelje want oars wie al dat senuweftich gepruts foar neat west.
Neidat sy harren oanklaaid hiene bleauwen sy noch in skoftsje yn in ynlike omhelzing harkjen nei it roesjen fan de wyn troch it reit.
Haadstik 5
It wie al oer seizen doe't hja thúskamen en Gryt it iten al op tafel stean hie. Hja koene dan ek fuort oanskowe. Gryt seach oan har dwaan en litten wat de jongelui de middeis oerkaam wie. Dêr binne memmen skerp yn. Sy en har Jan hiene salang net wachtsje kinnen, sy moasten nei in goed heal jier al trouwe en acht moanne letter wie Gerrit berne. Mar spyt hiene hja dêr nea fan hân. It wie wol spitich dat der letter gjin berntsjes mear by kamen, hoe faak hja ek oefene hiene.
It wie Gea al lang in toarne yn 't each dat der klanten wiene dy har skulden hieltyd heger oprinne lieten. Alle kearen as Gea sa'n klant der op oan spruts hiene hja wol ien as oar smoesje en betellen dan in tsien gûne ôf mar giene foar fiifentweintich gûne de doar wer út. Hja praatte der mei har âlden oer en sei dat it dochs in kear ôfrûn wêze moast, de skulden wurden de hieltyd heger en dy minsken lossen it nea wer ôf, lit hja mar nei in oar ta gean.
Har âlden seagen it probleem ek wol mar hiene gjin oplossing foarhannen, jo kinne in klant dochs net mei lege hannen de doar út stjoere. No, dat seach Gea dus krekt hiel oars. Hja sei 'Ik gean der efteroan.' En sa gie hja jûns de minsken thús opsykjen om de problemen te bepraten. Doe kaam hja oan de ûntdekking dat de measte fan dy minne betellers it hielendal net sa min hiene en in tal sels yn lúkse libben. Hja stelde in listje op en gong dêrmei oare winkelminsken, lykas dat doedestiden sa hiet. En doe blykte dat dy mei itselde probleem sieten en ek in soad fan harren jild net binnen krigen, ek troch deselde minsken dy op Gea har listje stiene.
Gea noege harren by har thús yn in gearkomste om de problemen te bepraten en de opkomst wie geweldich. Oan it ein fan de jûn waard besletten in winkelferiening op te rjochtsjen en Gea waard har foarsitter. 'Ik wol dat wol,' sei Gea 'mar dan prate wy ôf dat wy allegearre meidogge en fan no ôf die minne betellers yn Fryslân gjin guod mear leverje sille, of sy moatte fuort betelje wat hja keapje en in part fan harren skuld ôflosse.' Elkenien tekene dêrfoar want hja wiene der fan oertsjûge dat it probleem op dizze manier oplost waard. Foar in tal gesinnen mei in soad bern en in lyts ynkommen wie it fansels slim om de toutsjes oan elkoar te knoopjen en dy soene in bytsje ûntsjoen wurde. Gea stelde in listje op fan dy gesinnen en besocht hja thús, om har situaasje te besjen en dan naam hja gelyk in tsjokke ljirrewoarst mei en dy krigen hja der dan op ta. Ek liet hja wat stikkers meitsje om oan 'e kassa te plakke mei de tekst: 'Wa in lekker fiskje bakke wol moat bûter by dy fisk dwaan'.
It like in grapke mar net lang dêrnei wist elkenien yn Frjentsjer wat it betsjutte as hja sa'n stikker op de kassa yn de winkel seagen. In't begjin rûnen der wol klanten wei mar doe't it yn de wiede omkriten bekend waard wêrtroch hja yn dy oare plakken ynienen frjemde klanten yn de winkel krigen, besletten de measten ek wat mear hoeden te wêzen mei dy minne betellers. It waard de Van der Veldes net yn tank ôfnommen en benammen Gea net. Dy hie der nochal lêst fan want sy waard der op oan sjoen.
Gelokkich wiene de measten it wol mei har en de winkelferiening iens en hellen de grienteboeren, bakkers en slachters, it measte jild binnen en dêrmei wie Gea har aksje mear as slagge. Der waard yn Frjentsjer omtrint neat mear kocht sûnder fuort ôf te rekkenjen. Om't elke winkelman wol wist dat hja nea alles binnen krigen, waard ôfpraten dat klanten, as hja fiifentweintich gûne fan har skuld ôflosten, hja fiif gûne kwytschulden krigen en der dan ek tritich gûne ôfskreaun waard. Sa kamen hiel wat gesinnen stadichoan fan har skuld ôf.
Haadstik 6
Doe't Gerrit op syn frije sneontemoarn in blokje om fietste seach hy in wenning te keap stean op in gaadlik plakje, krekt bûten de stêd. Hy gong der hinne om samar efkes in praatsje te meitsjen. Der blieken in pear âlde minsken te wenjen en efkes letter siet hy efter in kop waarme kofje yn de romme keuken en hearde wêrom hja de wenning te keap stean hiene. It ûnderhâld waard har te folle en no wie it plan om by har dochter ynwenjen te gean. Dy wie mei in boer troud en bewenne in kâst fan in hûs sadat de âlden yn in apart stik dêrfan har âlde dei slite koene. Gerrit wie tige benijd wat it hûs wol opbringe moast. Hy waard suver kjel doe't hy hearde dat hja fiifenfjirtich gûne fregen. Dat wie in grut bedrach, mar doe't him ferteld waard dat der in heal bunder grûn by hearde en hy it hûs es wat better beseach, foel 't faaks ek noch wol wat ta. It seach der goed út en der stie ek in flinke stiennen skuorre efter.
Hy tanke foar de kofje en fytste mei in bêst sin wer op hûs an. Hy fertelde wat hy sjoen en heard hie. Syn heit wist fuortendaliks wêr 't oer gie en dat hy dy minsken wol koe. 'Do kinst har soan wol want dy wurket by dy ûnder de kraan. Dat is Hendrik Visser.' En yndie koe Gerrit dy al jierren.
De middeis giene Jan en Grytsje mei nei de Fjildstrjitte nûmer 25 om't it spultsje te besjen en dat foel net tsjin, mar Jan fûn de priis wol in bytsje oan de hege kant. 'Ús Hendrik giet deroer,' sei Visser 'dêr moatte jimme dan ek mei ûnderhannelje.' Neidat hja nochris om harren hinne sjoen hiene en Visser fertelde wat hy allegearre fan de tún helle hie, praten hja ôf om de folgjende dei werom te kommen, as dat op snein mocht. No, dêr hiene de Vissers gjin beswier tsjin en dan soe Hendrik der ek wêze.
Gerrit fytste nei de telefoansel en belle Gea. Hy fertelde syn ferhaal en frege of't hja moarn ek komme woe om it hûs te besjen. Gea wist net wat hja hearde en krige dy nacht gjin wink yn 'e eagen. Net om't hja net woe, hiel graach sels, mar 't kaam no wol hiel ticht by. Hja hiene wol faak oer in eigen húske praten as hja troud wiene. In hûs mei in flinke tún, dat like har hielendal te gek want hja wie in grut leafhawwer fan túnkjen.
Snein te moarn, tsjin tsienen kaam de famylje Van der Velde oan ride yn Harns mei de bestel Einepiek. Gea ried. Hja koene mar krekt mei har trijen foaryn sitte. Grytsje wie al drok yn de keuken om it potiten ta te rieden. Mary hie der wat fleis foar meinommen. It waard in gesellige moarn en der waard al drok oer hypotheek en boargstelling praten. De âlden wiene dêr ree foar om te tekenjen, want woene jo in hypotheek ôfslute by de bank dan moasten jo in fêste baan en twa boargen hawwe.
Dat siet yn dit gefal wol goed mar safier wie it noch net. Earst giene hja de middeis mei de hiele famylje nei de Fjildstrjitte. Dêr schrokken hja in bytsje fan sa'n grut selskip mar Gerrit stelde harren gerêst troch te sizze dat hja neat kwea yn 't sin hiene. Hja stelden harren foar. Jan Blok koene hja wol en Hendrik en Gerrit wiene kollega's by de haven en dat scheelde faaks mei ûnderhanneljen oer de priis. It hiele spul waard goed besjoen en Gea rekke sa optein fan de grutte tún dat Gerrit har in bytsje temperje moast en naam har efkes apart. Hy frege har om har in bytsje yn te hâlden want hja moasten besykje wat fan 'e priis ôf te krijen, en dat slagge. De Vissers woene nei in soad hinne en wer praten de kosten wol foar harren rekken nimme en dat skilde al gau sa'n acht prosint fan de keapsom. Dêr koene hja mei akkoard gean en as de jongerein it jild rûn krije koene, dan koe de keap trochgean. Hja giene tefreden út elkoar. Gea bleau nachts yn Harns en de folgjende dei giene hja nei de Boereleenbank mei it briefke dat Gea opsteld hie en de beide âlden ûndertekene hiene foar de boargstelling. Dat foel goed by de kassier, hja hiene har foarwurk goed dien, dêr koe hy mei nei it bestjoer. Ja, sa wurke dat doe, der moast earst neifraach dien wurde nei de boargen en de familjes. Hy sei har ta sa gau mooglik berjocht te dwaan. En yndie hiene hja binnen in wike al tastimming fan de bank. Dêrnei gie it fluch want twa wike letter wie de wenning leech en giene hja oan 't himmeljen. Net dat it sa bot nedich wie, mar it hearde wol sa en dan koene hja fuortendaliks de boel goed besjen. It foel net ôf, alles wie sa geef as kryt en der hoegde neat feroare te wurden. Doe't hja mei elkoar dwaande wiene mei it bjinnen en poetsen, soarge Gerrit foar in ferrassing. Ûnder de kofje liet hy him foar Gea op 'e knibbels del sakje, naam har beide hannen yn syn eigen hannen en sei plechtich 'Gea, myn famke, wol'sto mei my trouwe?' En wylst de memmen har mei wiete eagen oanseagen, liet Gea har fan de stoel yn syn earmen sakje en sei, 'Natuurlik wol ik mei dy trouwe, hoe soe ik wegerje kinne, sa'n leave jonge mei in hûs en in grutte tún.' Hja laken en tuten elkoar. Hja lieten der gjin gers oer groeie en giene de wike dêrop yn ondertrouw en besprutsen de troudei. Trettjin juny waard it want dat wie Gea har jierdei, dan koe hy it letter ek nea ferjitte. Dat oerkomt mannen nammentlik wol ris. Hja holden in hiel beskieden brulloft mei famylje en freonen mar om't Gea yn Frjentsjer nochal bekend wie, kamen der mear minsken dan hja ferwachte hiene. Mar och, Van der Velde betelle en dy hiene it foar har dochter oer, want dy hie hiel wat foar har fertsjinne. En sa hiene Gerrit en Gea elkoar foargoed en dat wisten hja hiel fêst.
Haadstik 7
Gea har omke Andrys, in broer fan har heit, hie in meubelsaak yn Frjentsjer. Net sa hiel grut mar wol in saak mei degelik spul. En om't hja dêr de heechste koarting krigen mocht omke Andrys it hiele hûs ynrjochtsje. Gea's mem sei, 'Je moatte goed spul útsykje want do moatst der dyn heale libben mei dwaan. Gea hoegde net op in pear sinten te sjen want wat hja net wist wie dat har âlden in sparrekken foar har hiene by de bank en dêr geregeldwei jild op stoart hiene. Sy wie wol ris jaloersk west op har freondinnen mei in baan. Dy beurden harren lean wylst Gea it mei bûsjild dwaan moast. Hja hie nea klage en no wiene de rollen omkeard. Dy famkes hiene nochal royaal jild útjûn want wa 't it breed hat, let it breed hingje. Gerrit hie ek nochal wat sparre en dêrtroch koene hja no keapje wat se woene en sa wie de wenning kant en klear foar de houweliksdei. Gea bleau in pear dagen in 'e wike by har âlden yn de slachterswinkel en brocht bestellingen fuort.
Thús oan de Fjildstrjitte wiene hja geregeldwei yn 'e tún oan 't wurk want Gea hie grutte plannen en kaam der, njonken de grientetún, ek in moaie foartún fol mei bloeiende planten. It wie de lêste jierren wat fersloere. De âlde minsken koene it net mear dwaan en de bern hiene it thús te drok. Gerrit hoegde dan ek gjin blommen foar syn frou te keapjen want dy kweekte hja sels en griente wie der ek by 't skepfol. Gea hie griene fingers. Alles wat hja oanrekke waard grien neffens Ger. Sa neamde hja him tsjintwurdich en Gerrit fûn it bêst. Ger en Gea, dat klonk net ferkeard.
Om't Gea faak hinne-en-wêrom Frentsjer-Harns ried op Ger syn brommer, waard dy't der net better op. Doe't der dan ek grutte onkosten oan kamen besletten hja wat oars te keapje. In auto siet der net oan, mar doe't Ger ris by de fytsehannel omstrúnde seach hy dêr in moaie twaddehâns scooter stean. In griene Vespa. Doe't hy dat thús fertelde sprong Gea in gat yn de loft. Dat wie wat hja noch moaier fûn dan de bestelein fan har heit. Dy selde middei giene hja hinne te sjen en mochten in stikje proefride. Lang hoechden hja net nei te tinken en sy kochten de Vespa. Hja krigen ek noch wat foar de âlde brommer wêrom. Tenei ried Gea sa grutsk as in pau nei Frjentsjer op de Vespa en Ger mocht ek wol ris in stikje ride lykas hy sei.
Doe't hja har earste troudei fierden mei harren âlden waard der yn it foarbygean praten oer pake- en beppesizzers. "Jim hawwe geliek", sei Ger "it wurdt tiid mar jo sille dochs noch geduld hawwe moatte". Want hoewol hja faak oefenen en Ger de hieltyd mei blanke sabel ta stride luts en Gea har folslein oerjoech, krige hja dochs eltse moanne wer opoe op besite. Net dat hja no sa sieten te springen om in bern, want salang Gea der by wurke koe der lekker ôflost wurde op har skuld by de bank. Mar sûnder bern woene hja net bliuwe, dat wisten hja fêst.
Haadstik 8
Op in moaie sneintemiddei yn 'e hjerst hierden hja noch ris in boat. In kameraad hie in jachtwerfke oernommen en hie der wat bootsjes yn 'e ferhier by. Omdat de fakânsjes foarby wiene koene hja foar in lyts bytsje sinten in boat hiere. Gea stie dy middei oan it stjoerrad en Ger lei foaryn te genietsjen fan de einen en meerkoeten yn 't reit. Doe't hja yn de buert kamen fan de sleat wêr't hja elkoar ontmaagd hiene, sei Ger hiel earnstich, "Ik moat nedich pisje, hoe dogge wy dat?" Gea lake en ferstie syn hint fansels wol en stjoerde de boat de sleat yn wêrnei hja in flink stik trochfarren foar dat hja de reitkraag yn fear. It wie der sa stil en fredich dat hja je yn it paradys waanden. Stadich begûnen hja elkoar út te klean te helpen en joegen harren, sûnder it gedoch mei rubberkes, oer oan it leafdesspul. De tiid die't hja de earste kear hjir te koart kommen wiene namen hja der no op ta. It wie fêst in heal oere letter doe't Gea it wat kâld krige en hja besletten harren klean wer oan te strûpen. Wat hiene se genoaten, sa yn de frije natuer. Dit wie dochs hiel oars dan thús tusken de lekkens. Hiel foldien farden hja werom nei de stêd ta.
In dei of fjirtjin neitiids sieten hja jûns op 'e bank te harkje nei harren favorite muziekplaatsjes doe't Gea ticht tsjin Ger oankrûpte en súntsjes sei, "Ik leau dat dyn siedsjes en myn aaikes eindelik elkoar tsjinkommen binne. Ik bin al in wike oer tiid en 't fielt oars as oars yn myn búk". Ger fearde op, fleach har om 'e hals en frege as hja der bliid mei wie. Dat hy der net hoeve te freegjen want hy seach it yn har eagen. Hja hiene gjin swangerschaptest nedich. Nei in pear wiken wisten hja it seker. Gea krige nocht oan dingen wêr't hja eartiids net oan tocht hie. Sa stie der ynienen in pôt soere bommen yn 'e keuken mei in foarke deryn. Ek de âlden wiene der tige wiis mei, it soe har earste pake- en beppesizzer wurde. Dochs soene hja Gea missen yn de winkel mar Grytsje hie al oanbean om oppassen te kommen sadat Gea noch wol in dei yn de wike yn winkel stean koe. Sy hie dochs tiid genôch.
It swierwêzen ferrûn foarspoedich. Gea groeide as koal, dy hja yn har eigen tún ferbouden. Salang it koe gie sy twa dagen yn 'e wike op 'e scooter nei Frjentsjer ta. Hja wie healwei maaie útteld en hoopten dat de poppe op har jierdei komme soe. Trettjin maaie, dat soe moai wêze. Begjin april hiene hja by Van der Velde in famke oannommen foar yn 'e winkel en koe Gea thús rêstich har berntsje ôfwachtsje. It wiene swiere wiken foar de befalling. Hja wie sa tsjok dat hja amperoan noch rinne koe. Hja tochten al oan in twilling. Gelokkich kaam har skoanmem geregeldwei in bytsje te helpen.
By de haven wiene hja ek op de hichte en wie in ferfanger regele foar as it safier wie. Yn 'e nacht fan âlfde op tolfde maaie like it der fan te kommen mar it bern hie skynber noch gjin nocht en it bettere wer oer. Wol gie Ger dy moarns nei de haven om de ferfanger te regeljen sadat hy dy dei by Gea thús wêze koe. Dy tolfde maaie barde der neat en it like der dan ek op dat it berntsje oan Gea har winsk foldwaan soe. En yndie, nei in hiel ûnrêstige nacht kamen de fleagen op gong. Om healwei tsienen moarns op de trettjinde maaie parse Gea har dochter nei bûten ta. Alles der op en der oan, al hie Ger stikem hope dat der noch wat oan sitte soe, mar in famke wie ek mear as wolkom. Wylst de baakster de fersoarging fan mem en bern op har naam, gong Ger fluch nei in telefoansel om it nijs troch te seinen nei syn skoanâlden. Dy diene de middeis de winkel op slot mei in briefke op it raam dat har earste pake- en beppesizzer berne wie. Grytsje wie de namme wurden, want sa gie dat eartiids. De âlden fan heiten kante wiene earst oan bar om ferneamd te wurden. Wie it in jonge west dan waard it in Jan. "Ik wachtsje myn beurt wol ôf, "sei Ger syn heit doe't hy de middeis twibak mei mûskes kaam te iten en it berntsje bewûndere. It wie in beweechlik famke en neffens Gea wie dat gjin wûnder want it is yn in boat makke. Dêr diene hja net sa geheimsinnig oer.
Gea wie der gau wer boppe op en rûn grutsk mei it berntsje yn in nije bernewein, dy't hja fan de âlden krige hiene, oer strjitte. It wie har jierdeiskado, it bern en it weintsje. Hoe hiene hja it sa pland.
Haadstik 9
Har dochter groeide op neffens it boekje en waard algau in hiele faam. En lykas de siswize seit: 'as der ien skiep oer de daam is, folgje der mear.' Goed in heal jier letter wie Gea yn ferwachting fan har twadde bern. En och, alles gie goed dat wêrom net. Gea sjidde en rispe dat it in aard hie. Griente mar ek ierpels út eigen tún en dat scheelde behoarlik yn de húshâldbeurs en sa sparden hja yn koarte tiid flink om de hypotheek ôf te lossen. Sa fluch, dat de kassier fan de bank har in bytsje tempere en de rie joech om wat jild yn it hûs te stekken. Hja hiene ommes tritich jier de tiid foar dy ôflossing.
Der wie noch gjin badkeamer yn it hûs dat der waarden plannen makke om dat te realisearjen. Mei help fan in freon, dy't boufakker wie, bouden hja in moaie badkeamer mei in brûs en in wasktafel. Wat in lúkse wie dat foar dy tiid. It wie doe noch hiel gewoan yn de ienfâldige gesinnen om op sneon, fanút in tobbe waarm wetter, je te waskjen. Sy wiene it earste gesin yn de buert mei sa'n moaie badkeamer. Doe't alles klear wie giene hja mei syn beiden ûnder de brûs. Hearlik wie dat om elkoar lekker te waskjen. Ferskillende buorlju kamen de moaie badkeamer te bewûnderjen. Begjin septimber waard har twadde bern berne. Wer in famke en dus wie Gea har mem Mary oan bar om ferneamd te wurden. Ger syn heit Jan woe, lykas hy sei, ek graach syn namme fuortset sjen yn de famylje en riedde dan ek oan om de folgjende kear in jonkje te meitsjen. "Asto mar goed dyn bêst dochtst moat dat slagje". Ger sei ta om deroan te tinken, mar Gea sei, "As dit sa trochgiet moatte wy omsjen nei in grutter hús". No hiene hja noch in grutte souder, dus romte foar in sliepkeamer derby wie der noch wol. Mei in bytsje help fan syn freon en materiaal fan in sloopbedriuw timmere Ger in moaie sliepkeamer. Ienris yn de ferve seachst der neat fan dat it gjin nij hout wie. It moast wat sunich oan want Gea hie har wurk opsein want hja hie no de hannen fol oan har twa bern. No hie se wol mear tiid foar har hobby: de tún. En dat wie har oan te sjen. Wie hja oars sa bleek as in lelie, no wie hja behoarlik brún en dat makke har ta in moaie frou. Ger bewûnere har mear en mear en liet dat ek blike. Hja hiene it goed mei elkoar. Sa goed sels dat doe Marietje sân moanne wie, der in tredde bern op komst wie. As dat no ris in jonge wêze mocht.
Haadstik 10
Doe't Gea in moanne of fiif swier wie, foarsei hja dat it dit kear in jonge wurde soe. It fielt oars as doe mei dy fammen. "Hy trapet my omtrint troch myn búk hinne". Skoanheit Jan wie bliid mei har foarsizzing. Dan komt it dochs noch goed. En yndie wie it ditkeer in jonge. Nei de berte fan har Jan waarden hja it iens dat it oars moast. Gea wiisde him net ôf mar hja moasten wol wer oan de pil. Om't hja ynlik fan elkoar holden wie dat ek gjin inkeld beswier.
Hja wiene in hecht gesin en patten alles tegearre. It swiet mar ek it soer. Doe't Jan Blok fiifensechtich jier waard en mei pensjoen gie waard him, en mei him noch fjouwer oare havenwurkers, in koarte fakânsje oanbean. Om't hja noch nea op fakânsje west wiene waard dat foar harren in grutte belevenis. Hja mochten mei har tsienen mei, mei in bus nei Luxemburg. It wie in trip fan acht dagen. Hja riden der troch Dútslân hinne en seagen foar it earst fan har libben bergen. Hja waarden ûnderbrocht yn in moai hotel en sliepten ek foar it earst ûnder in dekbed. It iten wie poerbêst en de dagtochtsjes ûnfoarstelber moai, al wie it eangstich om sa ticht lâns de ôfgrûn op de smelle bergwegen te riden. Op de sânde dei sloech it noodlot lykwols ta. Nei de kofje yn it hotel giene hja op stap foar in moaie deitrip. Tidens in steile ôfdaling mei in soad hierspjeldebochten krigen hja rjochtsfoar in klapbân. Om't dat barde krekt foar in skerpe bocht nei links skeat de bus rjochttroch oer it muorke bylâns de wei en sloech ferskillende kearen oer de kop. De ravaazje wie grut. Efkes wie it stil mar doe hearden de minsken yn it doarpke Hoscheid in freeslik gegoel en seagen hja de bus tsjin de berghelling oanlizzen. Fuort waard der grut alarm slein en kaam de hulpverliening op gong. It plak fan it ûngemak wie mar mouisem berikber mar doe't de hulpverlieners by de bus kamen waard dúdlik hoe grut de ramp wol net wie. Fan de fjirtich minsken yn 'e bus wiene der tolve fuort ferstoarn en sân swier ferwûne wêrûnder de sjauffeur. De rest wie der ridlik foarwei kaam. De ferwûne minsken waarden sa fluch as it koe ôffierd nei sikehúzen yn 'e stêd Luxemburg en Vianden. De oare minsken waarden ûnderbrocht yn in hotel yn de buert.
Gea hearde it berjocht oer de radio. Der waard praten oer fakânsjegongers út Fryslân mei in bus út Drachten. Hja freesden it slimste. Doe't Ger de middeis fan syn wurk thús kaam wist hy noch fan neat. Earts de oare dei waard goed dúdlik dat it yndie de bus west wie wêr't de minsken út Harns in sieten. De haventsjinst socht kontakt mei de instânsjes yn Luxemburg en belei in gearkomste yn it havenkantoor. Dêr waard dúdlikens ferskaft oer de tadracht fan it ûngefâl en de gefolgen. Fjouwer fan de fiif echtperen út Harns hiene de ramp net oerlibbe wêrûnder Ger syn âlden. Twa froulju leine ferwûne yn in sikehûs yn Vianden. Alle nammen wiene bekend en de famieljes koene op kosten fan de haventsjinst de ferwûnen opsykje. De busûndernimming liet in bus ride. De ferstoarnen waarden sa gau mooglik oerbrocht nei Nederlân. Grut wie de fersleinhied yn Harns by de troffen famieljes. De hiele stêd libbe mei want it drôve nijs gie fansels as in rinnend fjûr. Ger en Gea libben yn in soarte roes en kamen earst by harren positieven doe't de stoffelike omskotten fan Jan en Grytsje Blok mei de oaren opbaard wiene yn de aula. Doe drong it earst wier oant harren troch. It is hast net te leauwen, wat in moaie fakânsje wurde moast en it begjin fan in rêstich libben nei it pensjoen, einige op it tsjerkhôf. In lange sliert neibesteanden en belangstellenden folgen de kisten foar de mienskiplike begraffenis.
Thús
kommen besochten hja de bern út te lizzen wêrom harren Pake en
Beppe nea werom komme soene. It soe noch wiken duorje eart de
ferwûnen ferfierd wurde koene. Twa fan harren ferstoarn noch wêrfan
ien út Harns. De haventsjinst stelde him hiel sosjaal op krekt as
hja harren in bytsje skuldich fielden oer it barde. Al hernaam it
alledaagse libben, dochs soe it nea wer wurde lykas it west wie. Foar
de neibesteanden waard letter in reis organisearre troch de
haventsjinst nei it plak fan it ûngemak om der in soarte fan
monument op te rjochtsjen. Ger en Gea giene net mei mar betellen der
wol oan mei. Hja doarsten net, ek al om't hja de bern thús litte
moasten. Der waarden foto's fan dy soarte fan 'plechtichhied' makke,
die't hja letter besjen koene yn 'e kantine by de haven. Dêrmei
hiene hja it in bytsje ôfsletten.
Haadstik 11
De bern groeiden op lykas âlden dat graach sjogge. Nei de legere skoalle giene de fammen nei de húshâldskoalle en Jan nei de technyske skoalle. Hy woe graach automonteur wurde. Hy wie gek fan auto's en om't dy yn opkomst wiene like dat ek wol it fak fan de takomst. Mei in rapport fol goede sifers wie dat ek gjin probleem. Doe't Grytsje achttjin wie gie hja yn de fakânsje nei Skylge om dêr yn de horeca wat jild te fertsjinjen. Hja wie net de iennigste út Harns en hie al moaie ferhalen heard oer dat eilân. Dêr wie wat te belibjen en it wurk dêre, waard as in soart fakânsje sjoen. It foel letter wol in bytsje tsjin. Hja moast flink oanpakke mar der bleau wol tiid oer foar útstapkes om kontakt te meitsjen mei jonges. Gea hie har wiidweidich warskôge foar de gevaren wat famkes rûnen. Net mei fage wurden mar krekt útlein wat dy gevaren dan wol wiene. Grytsje sei ta it broekje oan te hâlden yn it selskip fan jonges. Mear koe Gea der net oan dwaan, it bêste der mar fan hoopje.
Jan en Marietje giene tegearre in krantewyk dwaan en, och, dat fertsjinne ek lekker. Oare jier faaks ek nei Skylge. Doe't Jan santjin waard gie hy njonken skoalle by in garaazje yn de lear foar twa dagen yn 'e wike. It duorre net lang of hy mocht in kear yn in auto ride. Op it eigen terrein fansels en allinne yn in âlde Kever. Hy schafte him in boek oan mei de ferkearsrigels en makke him sa de teory eigen. Sagau hy achttjin wie moast hy sa gau mooglik it rydbewiis helje en hie de garagehâlder wol in Kevertke foar him te keap. Jo koene doe yn dy tiid as arbeidersjonge kieze út twa merken. Das wie in Opel Kadet as in Volkswein. Jan keas foar in Volkswein want dy rochelde sa lekker mei in luchtkoelde moter. Syn âlden wiene der net slim wiis mei, mar ja, wat wolle jo. Lytse bern wurde grut en it wie ek wol maklik. Jan brocht har oeral hinne as hja mar bijdroegen yn de kosten, want in auto is djoer, dêr kaam hy wol efter. Ek by de famkes foel hy op mei syn Kevertke en hy hoegde mar mei de fingers te knippen en hja sieten al njonken him.
Yn it wykein riden hja nei Ljouwert as Den Helder en sels in inkele kear nei Grins. Doe't der dy simmer in grut feest wie yn Egmond oan See gie hy mei in freon en twa famkes dêr op in snein hinne. Foar hja fuort riden hie Gea harren warskôge benammen net te drinke en dat hie Jan plechtich tasein. Hy wie ek gjin drinker. Moandei te moarn stie der gjin Kever njonken it hûs en dat wie frjemd want hy kaam altyd thús. In bang foargevoel bekroop harren. Gea wie hielendal oerstjûr en Ger besocht rêstich te bliuwe mar ek hy freesde it slimste. Hy gie fuort nei de âlden fan Jan syn kameraad. Dêr wiene hja ek hielendal yn panyk. In bykomstichhied wie, dat dy jonge dy dei jierdei wie en achttjin wurde soe. Wylst hja der oer praten kaam de mem fan ien fan de famkes efterom. Wat moasten hja dwaan. Nei it politiebureau dan mar. Dêr wist men fan neat mar wylst hja dêr wiene kaam der in berjocht binnen oer in Volkswein yn it kanaal by Maartensvlotbrug yn Noard-Hollân. In betide foarbygonger hie de auto heal ûnder wetter lizzen sjoen. In dúkersploech fan de brânwacht wie it wetter in gien en die fûnen út dat der twa jonge minsken yn de wein leine. Troch it kenteken hiene hja efterhelle dat de auto út Harns kaam. Doe't Ger it nûmer hearde waard syn eangst wjirhied. It nûmer wie fan Jan syn auto en de plysje joech fuort troch dat der noch twa minsken yn de auto sitten hiene.
Ger doarst omtrint net nei hûs ta. Grut wie de fersleinhied. It wie hast net te befetsjen, sa jong noch en wat wie der no eins bard. Letter dy middei kamen twa pliesjemannen útlizzen wat der krekt bard wie. It wie dy nacht dizenich west yn Noard-Hollân en benammen dêr lâns it kanaal. Nei alle gedachten wiene hja troch it minne sicht fan de wei rekke en tsjin in brêge botst. Twa fan har wiene út de auto slingere en dy waarden letter in ein fierder út it wetter helle. De oare deis waarden de lichems nei Harns ta brocht. Út ûndersyk blykte dat de sjauffeur net dronken hie. Der koe Ger en Gea net ferweten wurde dat har soan dronken efter it stjoer sitten hie, lykwols wie it fertriet fan de âlden en famylje ûnmjitlik grut. De auto wie hielendal fernield.
De fammen kamen thús om it fertriet mei har âlden te partsjen. Der wie dus wer in grutte mienskiplike begraffenis. Jan kaam njonken syn Pake en Beppe te lizze dy't ek al sa freeslik om it libben kaam wiene. Gelokkich wiene hja in hecht gesin en hiene hja in soad stipe oan elkoar om hjir wer trochhinne te kommen.
Haadstik 12
Har âldste dochter Grytsje wie yn fêste tsjinst kommen by in âlder pear mei in grut pension op Skylge en soarge dat har suster dêr yn de fakânsje ek oan 'e slach koe. Dat befoel sa goed dat de pensionhâlder en syn frou rêstich op fakânsje giene en it spul oan de fammen oerliet. Doe't hja nei trije wiken Tenerife werom kamen diene hja de susters in útstel om it pension en ietenshúske fan harren oer te nimmen. Earst yn hier, dan koene hja it út besykje en rêstich besjen oft it wat foar harren wie. De boeken kamen op 'e tafel om te sjen hoe't it der foar stie. It wie in rendabel bedriuw wêr hja goed fan libje koene. Ek wie der in moaie wenning by, dat as it troch gean soe hiene hja fuortendaliks wenplak want dat wie wolris in probleem op it eilân. De âlde minsken lieten dan in eigen wenning bouwe.
Doe't de fammen mei it ferhaal thús kamen fûnen hja byfal. Gea hie earst wol wat beswieren. "Dat begryp ik net," sei Ger, "Do komst út in middenstânsgesin. Ik tocht datsto der fuort wol foar wêze soest. Hja binne noch jong en as hja it wol sitten sjogge moatte hja it no dwaan. It is dy âlde minsken ek goed gien en der sit takomst yn de fakânsje wrâld. De minsken krije hieltyd mear jild en dan wolle hja fertroetele wurde en dêr kinne jimme foar soargje." Dat hja noch gjin relaasje hiene kaam wol goed út. No koene hja it mei harren twabeiden runne en de taken opdiele. It wiene echte susters en hja koene goed mei elkoar opsjitte. Grytsje en Mary giene mei goede moed werom nei har eilân wêr't hja in goede takomst temjitte giene.
Ger seach út nei syn pensjoen, al wie dat earst oer trije jier oan de oarder. Net dat hy in hekel oan syn wurk hie, mar as it safier wie koene hja ris wat fierder sjen as Fryslân. Hy hie syn rydbewiis helle en hja wiene fan doel in auto oan te tugen. Mar earst hie Gea noch in oare grutte winsk en dat wie telefoan, dan koe hja wat faker mei de fammen belje. No moast hja nei in telefoansel en dat praat net sa lekker. Der soe in kabel oanlein wurde troch de strjitte as der genôch belangstelling foar wie. Hja gie ris freegjen yn de buert en de measten wiene wol foar. In heal jier letter wie it safier. De strjitte waard iepenbrutsen, de kabel lein en hja krigen in oansluting. It waard hast in plechtige seremoanje doe't hja de earste kear fanút har eigen hûs de dochters skillen. Ger warskôge om net te lang te kletsen want dat koste jild. Mar ja, as froulju ienris oan it kwebbeljen binne dan witte jo it wol. Letter kaam hja der wol efter dat it fêstrjocht in soad djoerder wie as de praten.
Dy simmer hiene hja it jild by de bank ôflost en wie it by eintsje beslút harren eigen wente. Doe giene hja marris omsjen nei in auto. Fansels gjin nije mar in twaddehânske. Der waard har wol wat oanbean troch in hanneler mar dat like Ger neat. Hy woe in auto fan in betroubere garaazje, dêr krigen jo op syn minst noch garânsje. In kollega joech him de tip ris by de garaazje te sjen wêr't syn soan wurke hie. Hy wie der noch nea wer west nei syn ûngemak. Hy waard der hertlik ûntfongen en der stie yndie in moai Fiatsje 500 mei net al te folle kilometers op 'e teller en de priis stie him ek wol oan. De middeis gie hy mei Gea hinne te sjen en mochten hja ek in proefrit meitsje. Hja riden rjochting Frjentsjer want hja woene it weintsje oan Gea har âlden sjen litte. It wie in pittich ding. Ûnderweis ruilden hja fan plak want Gea woe it ek wolris besykje. Al wie it Fiatsje wat oan de krappe kant, hja waarden der wol al fuort in bytsje fereale op. Gea har âlden fûnen it ek in moai weintsje, al paste heit Piet der net yn mei syn lange skonken. De keap waard sletten en hja wiene de grutske eigners fan it reade rêchsekje. Dêrnei wiene hja nochal ris oan de Noardsee kust te finen mar elke kear as hja lâns de Maartensvlotbrug riden waarden hja wer herinnert oan it ûngemak wat fjouwer jonge minsken it libben koste hie. Der wie troch de âlden in gedenkstientsje delsetten mei de nammen en de datum fan it barde.
Haadstik 13
Gea en Ger hiene der in gewoante fan makke om op sneintemoarn tegearre te dûsen. Dan waskten hja elkoar de rêch en sa, en Ger gie dan wol ris efter har stean en lei syn hannen om har flinke boarsten om dy hoeden te massearjen. Hearlik fûn hja dat. Sa intiem en leafdefol. Sa ek dy moarn yn maaie. It wie krekt foar har trijënsechtichste jierdei. Súntsjes betaaste hy har al wat hingjende boarsten. De wet fan de swiertekrêft liet him jilde mar Gea siet dêr net mei, it hearde derby asto âlder wurdest. Hommels fielde hy wat dat der oars net wie. Gea fielde dat hy ynhâlde en frege, "Is der wat?" Ger sei, "Ik wol dy net ûngerêst meitsje mar fiel sels ek ris ûnder it spien fan dyn linkerboarst." Hja fielde en wylst hja dat die sei se, "Do kinst myn boarsten better as iksels." Doe't hja harren letter yn de sliepkeamer oanklaaiden seach hja yn de spegel en seach yndie in bytsje ferskil. Moandeitemoarn in ôfspraak makke by har dokter en dy stjoerde har fuort nei it sikehûs yn Ljouwert foar in foto. Twa dagen letter koe de foto al makke wurde en hja wiene rom op 'e tiid yn Ljouwert yn it sikehûs. De foto's waarden makke en hja koene wer gean. De dokter krige wol berjocht en dat wie flugger dan hja ferwachte hiene. Twa dagen letter skille de dokter (wat in gemak sa'n telefoan, no) dat der wol wat siet en as hja de oare deis werom komme woene yn it sikehûs om der in stikje út te nimme om te sjen as it goed of kwea-aardich wie. Gea rekke al wat oerstjoer mar Ger besocht har gerêst te stellen. Hy woe him grut hâlde foar har mar hy siet der dochs wol wat oer yn. Jo witte mar nea. Jo hearden de hieltyd faker oer kanker. It wie in slûpende sykte, jo moasten der dochs net oan tinke. Jûns, foar't hja op bêd giene, seagen sy noch efkes as it faaks ek grutter wurden wie. Mar sa fluch giet dat fansels net, dat soe net bêst wêze. De oare deis dan ek mar wer nei Ljouwert. Gea wie sa senuweftich dat sy op har skonken stie te triljen. De suster kalmearde har wat, mar dy koe har goed foarstelle wat dy frou fielde. It duorre net lang en de pine foel har ta. It waard op kweek setten en dêrnei soe de dokter wol wer berjocht krije. It waard in spannende wike yn huize Blok en de fammen skilden alle dagen. Doe't nei acht dagen de dokter skille, waard it hielendal panyk want it wie net goed. It blykte kanker te wêzen. Warskynlik moast it boarst fuorthelle wurde en dan moasten hja mar ôfwachtsje as it noch net útzaaid wie troch it lichem.
Doe't Gea nei de operaasje wer by kaam, út de narcose, sieten Ger en de beide fammen rûnom it bêd. De middeis kaam de dokter om te fertellen hoe it gien wie en stelde har gerêst. Hja hiene neat fûn, wat der op like, dat der útzaaiings wiene mar hja hiene wol har boarst fuorthelle. Hja koe nettsjinsteande dat wer in bytsje leitsje. It wie al in hiele gerêststelling dat it fierder goed wie, al witte jo fansels nea wat de takomst bringt. Gea herstelde prima en mei in opfulde beha seachen jo der neat fan. Ger hie der gjin der muoite mei en nei it dûsen hold hy syn linkerhand wol earne oars. Gea wie in moaie mollige frou dat hy hie hâldfêst genôch.
Gerrit Blok naam ôfskie by de haven mei in feestje, tegearre mei famylje en kollega's. In moaie taspraak troch de direkteur en der waard him in kado oanbean. Hy moast fansels ek wat sizze as tankwurd en wie bliid dat it foarby wie. Hy hold der net fan om yn de belangstelling te stean. No wie hy pensioneerd en hie dus in soad frije tiid. Dat foel him earst behoarlik tsjin. Jo moatte leare om mei frije tiid om te gean. Gea holp him op in paad. Earst de tún yn mei syn beiden en sy learde him túnkjen. Dêr kinsto hiel wat tiid yn kwyt en mei moai waar giene hja faak te fytsen. Earst koarte tochtsjes en letter waarden de tochtsjes hiele tochten en wiene hja faaks hiele dagen ûnderweis. Bôle en kofje mei. Tachtich kilometer op in dei waard gewoan. Hja toerden hiel Fryslân troch. Hja hiene noch nea safolle praat mei elkoar en leerden sa elkoar noch better kennen. As jo salang troud binne tinke jo dat je alles wol fan dy partner witte mar dat falt dochs ôf. Elk libbet dochs in bytsje yn syn as har eigen wrâldsje en as dan de situaasje feroaret en jo alle dagen op elkoar oanwiisd binne, sjogge jo in oare kant fan him as har. En dat hoecht net ferkeard te wêzen. Dat ûnderfonnen Gea en Ger ek. Hja krigen noch mear wjurdearring foar elkoar en waarden op 'e nij fereale. Sa stiene hja wol ris ûnderweis te tútsjen en skamden hja harren as in oar dat seach. Dy tochten fansels oan in twadde kar. Sa hiene hja in prachtige simmer tegearre.
Haadstik 14
De winter gie foarby en der wie wer gjin alvestêdetocht en dêrom mar hoopje op in moaie simmer. Mar dy simmer waard oars dan hja har foarsteld hiene. Gea hie de lêste tiid wat lêst fan har linkerearm. Dy waard wat read en opset en dus tôge hja wer nei de dokter. Dy fertroude de saak net en stjoerde har mar wer nei it sikehûs en dêr blykte dat de lymfklieren net yn oarder wiene. It focht hoopte him op yn har earm. Nei in wiidweidich ûndersyk waard dúdlik dat hja lymfeklierkanker hie en dat wie nei de borstkanker net ûntdutsen. Op âldere leeftyd giet dat stadich mar it woekert wol troch en no blykte it al troch har hiele lichem ferspraad te wêzen. De slach kaam hurd oan en nettsjinsteande de optimistiske ynstelling fan Gea en de chemo kueren, begûn hja yn de rin fan de simmer ôf te takeljen. Ger seach mei ôfgrizigjen oan dat syn moai mollig famke de hieltyd magerder waard. Op in moaie sneontemiddei yn augustus sieten hja tegearre yn 'e sinne op it bankje efter harren hûs doe't Gea sei dat hja noch wol es in kear nei harren leafdesplakje gean wolle soe. Dat wie altyd harren plakje bleaun. Sa no en dan fieren hja der hinne om te genietsje fan de stilte en fan elkoar. "Dan dogge wy dat dochs, ik sil efkes de boat besprekke" sei Ger. Hy rûn nei de telefoan en draaide it nûmer fan de boteferhierder. "Mei Gerrit Blok,"zei er, "ik woe graach moarntemiddei in boat hiere. Gea wol graach noch ienkear in eintsje te farren." "Dat is gjin probleem en do meist him fergees meinimme." Hy koe Ger en Gea goed en wisten fan de sykte fan Gea.
Sneintemiddei riden hja yn 'e auto nei de jachtwerf. Der lei al in flústerbootsje foar harren klear. Dat is in boat mei in elektromotor en in akku. Ger lei in pear kessens yn de boat en holp Gea der yn te stappen. Rêstich fieren hja der hinne. It wie skitterjend waar en Gea wie bot opgewekt, hast blier. In skoft sieten hja hân yn hân te harkjen nei de stilte. It wie waarm dêr yn de lijte tusken de hege wâlen. Op in stuit sei Gea súntsjes, "Soest do noch wol in berntsje meitsje wolle?" Hy túte har en sei, "Ik wol it graach nochris besykje, mar ik kin dy gjin garânsje jaan." Hy lei de kessens ûnder yn 'e boat en holp har, har rok en broekje út te strûpen en hja liet har op de kessens sakje. Har mollige dijen wiene tinne skonken wurden en mei triennen yn syn eagen liet hy him sakje en naam har hoeden. Hy hearde har swier suchtsjen en wie bliid har befredigje te kinnen. Hja frijden noch efkes nei en allebeiden tochten hja, dat dit faaks de lêste kear wie dat hja hjir wiene en faaks ek wol de lêste kear dat hja frijd hiene. Hja goelden hite triennen fan fertriet. Let yn 'e middei brochten hja de boat werom en holp hy har yn de auto en betankten foar de boat.
Ger hie de famkes frege om thús te kommen om harren noch in bytsje by te stean. Har mem gie no fluch tebek en op freed achttjin augustus wie sy ferstoarn. De wike dernei waard hja begroeven njonken har soan. Ger wie sa fan de kaart dat hy amperoan besefte wat der allegearre barde. Alles gie as yn in rûs oan him foarby. Doe't hy wer in bytsje himsels wie, wie 't mar goed dat syn dochters noch by him wiene, want as dy der net west wiene hie der him grutkâns fan kant makke. Wat moat ik hjir no noch allinne, frege hy him ôf, no is it libben foar my ek neat mear wurdich. De famkes koene him oertsjûgje dat hy har dat net oan dwaan koe. Hja bleauwen om bar twa moannen by him oant hy der in bytsje oerhinne wie en it normale libben wer oppakke koe. Mar echt normaal waard it fansels nea wer.
Haadstik 15
Op in middei yn desimber nei in besite oan it tsjerkhôf rûn hy wat doelleas lâns de jachtwerf doe't syn each foel op in boat mei in board 'Te Keap' derop. It wie in boat fan Riekswettersteat. Hy koe dy boaten wol, hja fieren der mei op it waad. Dizze hie al hiel wat meimakke. Dat koene jo wol sjen oan de dûken en krassen. Doe't hy yn tinzen der al mei fuort fear, fielde hy in hân op syn skouder en sei in bekende stim "Hoe is't jonge." Hy seach om en seach dat syn freon Jacob efter him stie. Dy behearde tegearre mei syn soan de jachtwerf. "Net sa bêst," sei Ger, "ik haw in ôfgryslike ûnwennigens nei Gea." Jacob bea him in kop kofje oan en efkes letter sieten hja by syn frou Annie yn de keuken oan 'e kofje. Ger begûn te praten, "Jo kinne je net foarstelle wat it is om je frou te ferliezen. Earst myn beide âlden en dan myn soan. Dat is fansels hiel slim, mar dan bisto noch tegearre en fange jo elkoar op. Mar as jo frou weirekket dan steane jo allinne en kinsto it fertriet mei nimmen partsje. Myn beide fammen binne in pear moanne by my bleaun, mar ja, dy hawwe in saak op Skylge en moasten dan ek wer werom. Hja woene my meinimme mar dat sjoch ik net sa bot sitten. Ik wol net ôfhinklik fan har wêze. It wie nammers mar goed dat hja yn it begjin by my bleauwen want oars hie ik my fan kant makke". Jacob en Annie skrokken fan syn ferhaal mar koene har der wol wat by foarstelle. "Dat is jo skoanheit dochs ek oerkaam?" sei Annie. "Ja, dêrom begryp ik dat no ek folle better," sei Gerrit. Neidat Mary oan in hertstilstân ferstoarn wie fûnen hja Piet, een wike nei de begraffenis, yn 'e koelsel fan de slachterij. Hy hie him ophongen oan in fleisheake. Ja, no begryp ik dat wol. Om it ferhaal in oare kear te jaan sei Jacob, "Hasto belang by dy boot?" "Ja, ik kin hjir net langer wêze en dêrom wol ik wat oars en mei sa'n boat soe dat kinne. Soene jo derop wenje kinne?" mimere Ger. "Jawis wol jonge, der binne trije sliepplakken en in flinke keuken plus in romme stjoerhutte. Wolst him besjen?" frege Jacob. Dat woe Gerrit wol. Ynienend begûn syn plan stâl te krijen. De boat foel fan binnen geweldich ta. Der wie romte genoch en der stie in seis silinder Volvo diesel yn. Prima ûnderhâlden. Hja giene in stikje te farren sadat Ger sjen koe wat de boat kin en as it him nei 't sin wie. Jacob stjoerde de haven út en fear it waad op en joech flink gas. Hy sneed as in mes troch de golven en stjoerde like maklik as in auto. No, do hast hjir wol de romte. Gerrit fielde him in echte seeman sa oan dat stjoerrad. Nei in oerke farren wiene hja wer werom by de werf en wie Gerrit oertsjûge. Dit wie wat foar him. Jacob woe him foar de selde sinten oerdwaan as hy der foar betelle hie. De boat moast tolvetûzen gûne kosten en dan mocht Gerrit him op de jachtwerf opknappe. Hy woe der noch efkes oer neitinke, mar doe't hy jûns thús der oer neitocht hie besleat hy de boat te keapjen. Hy moast wol in lyts farbewiis helje. De boat wie fiiftjin meter lang en dêr mochten jo mei in lyts farbewiis mei farre en dat wie neffens Jacob net sa slim om te heljen. Dat moast yn in heal jier wol te dwaan wêze. Hy moast dochs earst de boat opknappe en dat duorre wol in heal jierke.
Doe't Gerrit de oare deis op de werf kaam om de keap te slúten frege Annie wat hy mei syn hûs dwaan woe en as hy dat earst anhâlde woe. "Nee," sei Gerrit "ik set it hûs te keap, want ik kom hjir fuort net wer werom yn Harns." No, dan wist Annie wol in keaper. Har dochter ferkeard mei in soan fan in oannimmer, wêr't hy útfierder wie. Hja hiene trouplannen. Hja frege wat it hûs opbringe moast. Mar dat wist Gerrit noch net, mar hy woe it wol troch in makelaar taksearje litte. Hja moasten it earst mar ris komme te besjen. Hja lieten der gjin gers oer groeie want de oare deis wiene hja der al. Hja fûnen it geweldich en makken al plannen foar de grûn wat derby hearde. It famke wie gek fan hynders en dêr wie moai romte foar. Yn de skuorre koe dan in stâl makke wurde. Dat in hynder in djoere hobby is kamen hja letter wol efter. Mar hja wurke op it gemeentehûs en dat betelle wol goed.
De
makelaar kaam en schatte it gehiel op sa'n sechtich oant
fiifensestichtûzen gûne en dat foel Gerrit net ôf. Hy frege dan ek
fiifensestichtûzen gûne oan de jongelui, dan koene hja ek noch wat
ôftingje want sestichtûzen gûne wie Gerrit wol bêst genôch. En
sa gie it ek. Hja wiene bliid dat hja der fiiftûzen ôf krigen en
Gerrit wie tefreden. Oer in heal jier soe hy de wenning oerdrage oan
de jongelui.
Haadstik 16
De boat waard droech setten en Gerrit begûn him fan binnen op te knappen. Tagelyks begûn hy mei de kursus foar it farbewiis. Syn freon holp him dêrby. Yn 'e maitiid wie hy fan binnen klear en doe't it better waar waard begûn hy mei de bûtenkante. Earst waard de boat hielendal skjinbaorsele en dêrnei begûn it skilderwurk. Alle dagen wie hy op de werf te finen en hy hie sadwaande moai ôflieding. Oan 'e ein fan maaie wie it wurk klear en seach de boat der pico bello út. Oer de namme hoegde hy net lang nei te tinken. Mei sierlike letters schildere hy 'GEA' op de sydkanten. Alles wat yn de boat paste naam Gerrit mei en de rest hellen de fammen op en wat hja net brûke koene gie nei de ynbring winkel 'De lege knip'.
Gerdinen en flierbedekking mocht hy efterlitte want de jongelui moasten sunich begjinne. In hynder kost ek nochal wat. Gerrit gie, foardat hy fuort gie, in pear dagen nei Skylge om ôfskie fan syn dochters te nimmen. Dêrnei by al syn freonen en famylje lâns en net te ferjitten nei de haven wêr't hy syn heale libben wurke hie. In soad âlde kollega's wiene der net mear en mei de jongeren hie hy net sa soad. Allinne de direkteur hie in bytsje muoite mei syn ôfskie. Hja koene elkoar sa goed en hy wist wat Gerrit meimakke hie en wêrom hy fuort gie. Gerrit helle mei gemak syn farbewiis en wie klear foar it aventoer. De boat waard mei in soad fertoan yn 't wetter litten nei doopt te wêzen troch Annie, mei in goedkeape flesse witte wyn. Twa juny wie it safier. Moarns gie Gerrit mei in grutte bosk blommen nei it tsjerkhôf om ôfskie te nimmen fan Gea en syn soan Jan. Mear dan in oere koste him dat. By de hikke seach hy noch ienkear om foardat hy nei syn boat gie. Fan te foaren hie hy alles regele by de bank. De helte fan de opbringst fan it hûs waard oerskreaun nei syn dchters. De rest fan it jild en syn AOW koe hy oeral by eltse Rabobank opnimme.
It wie wol efkes wennen op sa'n boat te libben mar Gerrit paste him fluch oan. Hy gie earst nei 't suden. Op 'e kaart, die't hy him oantúgd hie, koe hy maklik de rûte út stippelje. Sa fear hy oer de Maas nei België en troch Noard-Frankryk Dútslân yn. It wie al yn de neisimmer doe't hy oer de Rijn by Lobith ús lân wer ynkaam en belâne lykas yn de foarwinter troch de binnenwetters yn Meppel. Der moast wat oan de boat laske wurde en dus socht hy in skipswerfke en belâne by in âlder pear dy't mei har twa soannen in werfke hiene. Hy koe dêr wol oerwinterje, holp wat op 'e werf en brocht gâns jûnen by de famylje troch. Bêste minsken en it foel him hast swier om yn 'e maitiid fuort te gean.
Sa swurf Gerrit de hiele simmer troch it lân. As er it earne nei 't sin hie dan bleau hy dêr in wike en beseach de omjouwing op syn fyts en gie dan wer fierder. It liket moai, sa'n frij libben mar it is in iensum bestean. As hy jûns allinne yn de stjoerhutte sit en nei de foto fan Gea sjocht dan sit hy faak te janken fan fertriet.
Sa is hy op dizze moaie dei yn augustus fan Ossenzyl fia Kallenberg ûnderweis nei Stienwyk ta, mei it doel om nei it wykein troch te farren nei Meppel. Dat wie no hast net trochgien troch it gemimer oer syn ferline.
Enfin, it wie krekt goed gien en doe't hy bykommen wie fan de skrik nei de hast oanfarring, makke hy it tou los fan de beam en sette koers nei Stienwyk.
Haadstik 17
By de feefoerfabryk yn Stjinwyk leit in grut skip heal beladen foar de wâl. 'DE VOSSEN 1232 ton'. Dat is foar dit wetter in grut skip mei in wat frjemde namme, it waard letter dúdlik wat dat betsjutte. Yn de grutte stjoerhutte sit in swierlivich frommes mei in flesse jenever en in romerke foar har op 'e tafel. Hja sjocht op fan it boek dat sy oan it lêzen is en har eagen dwale oer it kanaal yn 'e rjochting fan Kallenberg. Yn de fierte sjocht se in boatsje oankommen. Hja pakt de ferrekiker derby en sjocht in wat frjemde boat. It liket in boat fan de Provinsje as fan Wettersteat mar dan yn hiel oare kleuren. Hja kent alle boaten want sy is har hiele libben op it wetter west mar dizze komt har ûnbekend foar. Enfin, hy komt fansels tichterby en dan kin hja it better sjen. Sy nimt noch in buorrel en tinkt oan it libben wat efter har leit. Seisenfiiftich jier lyn op in tjalk berne. Har heit wie in Grinslander en har mem in Fryske. In healbloedsje dus. In broerke as suske siet der foar har net yn. Hja is altyd allinne bleaun. Har âlden hiene gjin tiid foar mear bern en har mem hold ek net fan dat gedonder. Hja hiene wol wat oars te dwaan, it wie hurd wurkjen en Antsje wie noch mar in bern doe't hja al mei helpe moast mei it laden en lossen. De oandacht wêr't in bern om freget krige hja net, allinne mar wurk. Hja wie bliid dat se nei 't skippersinternaat yn Grins moast want bern fan skippers wiene ek leerplichtich en moasten wilens skoalletiid yn it internaat. Dat wie in skoalle en pension tegearre. Soms, as har âlden mei it skip yn de buert wiene, koe hja in wykein oan board komme. Dêr wie hja dan net iens sa bliid mei, folle leaver wie se by de bern op skoalle.
Har âlden, neamd Albert Rozema en Hendrikje Meter, fieren meast mei turf, kolen mar ek wol mei bieten nei de sûkerfabryk yn Grins. Mei har tjalk fan goed hûnderd ton koene hja oeral komme.
Antsje koe goed leare en woe nei de legere skoalle graach hegerop. Lykas de Mulo mar dat seagen har âlden net sitten. Foarearst om't hja it skoallejild net betelje koene en dat net allinne, mar sy moast dan ek op keamers. Dêr kaam noch by dat hja driuwend in schippersknecht nedich hiene en dus moast Antsje werom oan board. Yn de rin fan de tiid wurden de fertsjinsten mei lytse skippen de hieltyd minder en moast der in grutter skip komme. De bank woe wol liene want der wie wol wurk foar skippen fan tûzen ton en mear. Der waard dan ek omsjoen nei in grutter skip.
Doe't Albert dan ek yn de 'Schuttevaer' lies dat der by in werf yn Hoogezand mei twaddehâns skippen, in skip te keap lei, gie hy der op ôf en kocht in Grinzer aak fan alvetûzenentweintich ton. Dat wie in grut skip yn dy tiid en tige gewild by de skisbevrachter. Doe kamen hja ek geregeldwei yn Rotterdam as Antwerpen en bytiden ek yn Bremen. De frachten wiene hiel ferskillend. De iene kear fervierden hja hout, in oare kear keunstmest as moal. It wurk oan board waard minder swier. Oeral stiene kranen, mar dat betsjutte ek dat it in soad flugger gie. Eartiids leine hja soms wol in wike foar de wâl, mar no wiene hja meastal nei in dei wer leech en fieren se alwer fot. Dat kaam it sosjale libben net te goede. Antsje krige dan ek mar in lyts bytsje de kâns om út te gean en ris in jonge te moetsjen. It wie almar farre, farre fan hot nei her. Oant hja yn in strange winter yn Rotterdam fêst kamen te lizze. Antsje wie krekt achttjin jier wurden.
Op in goeie dei moete hja in jonge, dy mei har werom út 'e stêd wei nei de haven ta kaam. Syn âlden leine ek mei harren skip yn de haven. De oare dei strúnde hy al yn de buert fan har skip om en frege har om mei te gean nei de film. Doe't hja jûns werom kamen wie it al tsjuster en learde hy Antsje it frijen. De dagen dêrnei kaam hy hieltyd faker en waard sy wier in bytsje fereale op Jan, want sa hiet hy. Jan Vos, seisentweintich jier al en hy hie al wat ûnderfining mei famkes. Hy hie al gau troch dat Antsje sa grien as gers wie en makke dêr tankber gebrûk fan. Antsje wist wier fan neat. Nea hie har mem har wat ferteld oer leafde as oer seks. Dat wie taboe en dêr waard net oer praten. Hja wie ek nochal oerstjoer west doe't hja foar it earst ongesteld waard. Hja hie tocht oan ien as oare sykte doe't har broekje read waard fan 't bloed. Bliid waard sy net doe't har mem har fertelde dat alle froulju dat krije en dat it alle moannen werom komt. Wat mem har net fertelde wie dat sy fanôf dy dei ek fruchtber wie en dan ek wat hoeden mei jonges omgean moast. Mar ja, hja gie nea mei jonges om dus seach har mem de needsaak fan foarljochting ek net yn. Ek net doe't Jan yn 't spul kaam. Dy seach syn kâns skjin doe't syn âlden in middei op besite giene. Hy naam Antsje mei nei har skip wêr't hy foarop in keammerke hie. It duorre net lang as sy belannen op it bêd en doe waard Antsje ûntfamme. Oer de kâns om swier te wurden hie hja noch nea heard.
Haadstik 18
Nei dy earste kear folgen der mear keren en mem fernaam al gau dat har dochter net mear ûngesteld waard en doe't sy Antsje dêr op oanspruts kaam al gau de aap út de mouwe. Dat hja mei Jan op bêd wie west en fan kapokjes hie hja noch nea heard. It like der dan ek op dat hja yn ferwachting wie en der waard in gearkomste belein mei de âlden fan Jan. Dirk en Lien Vos wiene gjin onbekenden fan Antsje har âlden. Hiel ferstanige minsken dy't net gau yn panyk rekken. Hja hiene noch fjouwer bern en dan ek wol wat ûnderfining. It kaam har net iens sa gek út dat har jongste soan in famke hie al wie der in behoarlik leeftiidsferskil. Mar it like in flinke faam en hja fûnen dat Jan syn ferantwurdelikens nimme moast en mei Antsje trouwen moast. Jan syn heit koe by de haven in baan krije en dat like him wol wat ta want dan koe syn soan 't skip oernimme. Hy woe wol wat in resticher libben ek al om't twa fan harren dochters yn Rotterdam wennen en bern hiene. Sa koene hja wat mear fan har pake- en beppesizzers genietsje. In soad tiid om oan de situaasje te wenne krige Antsje net. Foar hja it goed en wol troch hie wie hja troud mei Jan. Hja bleau foarearst noch efkes by har âlden oan board oant Dirk en Lien in hûs yn Rotterdam hiene. Yn de earste wike fan juny wie it safier dat de jongelui tegearre op it skip wennen. Yn feite kaam Antsje by Jan oan board yn it spul fan syn âlden want jild foar nij wie der net. Hja hiene wurk genôch dus dat kaam wol goed. Yn it begjin wie der ek wol wat leafde tusken harren mar doe't har soan berne wie feroare Jan stadich. De hieltyd faker siet hja allinne mei Dirkje en wie Jan de hort op en as hja dêr wat fan sei dan waard hy lilk en sei dat hy net har slaaf wie. Fan lichamelik kontakt wie al gau gjin sprake mear en hja begûn har mear en mear iensum te fielen. Har iennige treast wie har bern. Oan har âlden hie hja ek net in soad om't it selden foarkaam dat hja tagelyk earne leine te laden of te lossen. Nee, gelokkich wie Antsje net. Hja skikte har yn har lot al hie hja har it houlik hiel oars foarsteld.
Doe't Dirk wat grutter waard en mear wurk mei him meibrocht, naam Jan in knechtje oan, saneamd om har in bytsje te ûntlêsten. Hja kaam der al gau efter dat Jan om hiel oare redens in feint oannommen hie. Hy hie de jongfeint yn Rotterdam moete doe't hy allinne op stap wie. Hans kaam oan board en krige it keammerke foarop wêr Antsje ûntfamme wie en har bern ferwekt wie. It wie in aardige jonge, hiel freonlik en in goeie wurker. Doe't hy in skoftsje oan board wie begûn it Antsje op te fallen dat Hans wat frouliks oer him hie. Fan homo's hie hja noch nea heard. Jan koe hiel goed mei him oerwei en hieltyd faker kaam it foar dat Jan jûns by Hans foarop wie en Antsje allinne yn 'e salon efterop siet. Doe't hja der nei frege wêrom dat wie sei Jan dat hja tegearre sieten te damje of te kaarten. Hja doarste net sjen te gean want hja wist hoe lilk hy wurde koe. Hy begûn har hieltyd mear te mijen. Hja kôke foar har en waske syn klean mar fierder hie hja mar hiel lyts bytsje omgong mear mei Jan. Hy bemoeide him ek mar in lyts bytsje mei de lytse jonge en hja brocht him allinne grut. It wie foar har in ramp doe't Dirk nei skoalle moast en dan ek yn Rotterdam op it internaat kaam. Doe fielde sy har hielendal allinne. Hja woe sa gau mooglik in rydbewiis helje want dan koe sy Dirk it wykein oan board helje. It slagge har frij fluch, faaks ek wol om't hja in frou wie. Dy riden doe noch net in soad yn in auto. Antsje gie alle wiken nei Rotterdam om har soan op te heljen. Tegearre sochten hja dan har âlden wol ris op as dy in bytsje yn de buert leine.
Haadstik 19
Doe't Dirk nei in hegere skoalle moast socht Antsje mei him in kosthús yn 'e stêd. Hja woe him net op keamers hawwe, want der moast in bytsje tafersjoch wêze, oars kaam der neat fan terjochte. Hy kaam by in winkelier yn de kost. Dy koene wol wat extra's brûke. Hja hiene twa dochters en och, sa'n jonge yt sa mei. Hy krige in moaie keamer en fielde him al gau thús yn dat gesin en Antsje rekke him stadich oan kwyt. De hieltyd faker bleau hy leaver wykeins yn 'e stêd dan op it skip. Hja hearde ek fan syn kostmem dat hy bysûnder goed mei har jongste dochter opsjitte koe en dat fûnen hja net sa slim. It wie in flinke jonge en as hy tiid hie dan holp hy mei yn de saak of brocht bestellings fuort. Doe't hy fan skoalle staazje rinne moast kaam hy terjochte by in skipsmakelder. Dat like him wol wat. Hy wie eintsje beslút dochs in skipperssoan mar farre woe hy net. Hy learde fluch en doe't hy klear wie mei syn oplieding koe hy by de makelder yn tsjinst komme. Hy krige in auto fan de saak om skippen te besjen en mei skippers te ûnderhanneljen oer it te keapjen as te ferkeapjen skip.
Dirk ûntwikkele him ta in goede makelder. Sa no en dan kaam hy in kear oanwaaien by syn âlden en seach dat it net goed gie. Dy libben de hieltyd mear skieden fan elkoar en Dirk fermoedde wol dat der wat mei syn heit wie mar doarst der net mei syn mem oer te praten. Wol hie hy der mei Evelien oer praten. Sy wie syn fêste freondinne wurden en doe't syn âlden in wykein mei de boat yn Rotterdam leine gie hy der mei har hinne om har foar te stellen. Antsje wie der mar wat wiis mei. Dirk hie har ferteld oer syn Evelien en no woe sy it famke ek wol ris sjen. No, dat foel net tsjin. Evelien wie in moaie jonge frou, hja wie in jier jonger as Dirk en sy kaam hiel evenwichtich oer. Antsje fûn har in goede kar. Hy frege him ôf wêr't syn heit wie. "Fêst yn de machinekeamer by syn moter want dat is syn twadde leafde," sei syn mem. Evelien hearde de galle yn har stim. "Jo krije net in soad leafde fan him, hearde ik fan Dirk," sei hja. Antsje barstte yn goelen t. De triennen streamden oer har wangen. "Ik haw myn hiele libben noch nea leafde krigen," snokkere hja. "It iennige lok dat ik ha is myn jonge en ik hoopje dat sto him ek lok bringe kinst." Evelien fielde djip meilijen mei dizze frou en besleat har te helpen safolle hja koe. Sy en Dirk kamen tenei faker oan board fan 'DE VOSSEN'.
Doe't Evelien har skoalle ôfmakke hie kaam hja ek by de makelder op kantoar. Dêr wie neat op tsjin want Dirk wie dochs mearstentiids ûnderweis en as hy al in pear dagen op kantoar wie, behannelen hja elkoar as kollega's. Hja holden nammers dochs net fan dat kleffe gedoch op it wurk.
Nei twa jier ferkearing besletten hja te trouwen en hierden in wente yn in nije buert yn Rotterdam. Nei likernôch in jier waard har earste bern berne en wiene Jan en Antsje dan ek pake en beppe. It wie in famke en waard nei Antsje ferneamd. Ferskrikkelik grutsk wie se dêr op en sa faak sy koe wie hja by Dirk en Evelien om har beppesizzer te sjen grut wurden. Hja drukte Evelien op it herte om sagau it koe, har bern foar te ljochtsjen sadat dy net oerkomme soe wat har bart wie en de gefolgen fan it gebrek oan foarljochting. Dirk en Evelien blieken goede âlden en der waard no ek al wat oars mei de bern omgien. Men wie folle iepener, der koe oeral oer praten wurde. In jier en twa moannen letter waard har twadde bern berne en sei Evelien tsjin Dirk, "No moatte wy tenei mar wat foarzichtiger te wurk gean want as 't sa trochgiet dan wurdt ús hûs te lyts." It wie in jonge en mear soarten binne der ek net. Dick waard syn namme, nei Evelien har heit ferneamd.
Haadstik 20
Nei't de jierren ferrûnen waard de ôfstannelikhied tusken Jan en Antsje de hieltyd grutter. Hoewol hja faak tegearre as mei har trijen yn de stjoerhutte by elkoar wiene praten hja omtrint net mear tsjin elkoar. Faak bleau Jan ek nachts by Hans foarop. Evelien kaam ek minder faak. Mei twa opgroeiende bern hie dy thús wol wat oars te dwaan. Sy hie ek net de beskikking oer de auto, hoewol hja wol har rydbewiis helle hie. Yn it wykein kamen hja wol geregeldwei oan board en dan koe Evelien har riedfeerdigens in bytsje ûnderhâlde. Antsje wie bliid mei de besites. Dat wiene foar har gesellige middeis en fielde har fertrietlik as hja jûns wer fuortgongen. Doe't de bern nei skoalle giene pakte Evelien har âlde wurk wer op. Har âlden hiene de saak ferkocht en wennen no by harren yn de buert. Sadwaande koene dy geregeld oppasse. Hja woene dochs graach wat om hannen hawwe want nei in wurksum libben falt it net ta om stil te sitten. Antsje wie jaloersk op harren.
Op in woansdeitemiddei yn juny siet Antsje yn de stjoerhutte nei de beide mannen te sjen hoe dy it dek oan it skjin spuitsjen wiene. It skip wie moarns laden mei skroat út in seeschip ôfkomstich út Argentinië. Skroat is in grûnstof foar feefoer en stoot ôfgryslik en dat stof moat dan ek wer fuortspield wurde. Sy hie sels de roef en stjoerhutte skjin makke, mar it dek wie foar de mannen. De lading wie ornearre foar de feefoerfabryk yn Stienwyk en hja woene fannemiddei noch farre. Hommels seach sy Jan yn elkoar sakjen op de lûken. De wetterslange skeat út syn hannen en slingere oer it dek hinne en wer. Hja stie as ferstiifd te sjen hoe Hans de pomp stoppe en nei Jan ta draafde. Hy sakke op syn knibbels njonken him del en begûn oan him te lûken en te triuwen. Doe stuts hy syn beide hannen omheech en seach fertwifeld nei de stjoerhutte. Antsje kaam stadich yn aksje en rûn nei bûten. "Hy is dea, hy is dea," hearde hja Hans roppen. Doe't hja by him kaam seach sy yndie dat Jan net mear libbe. Sy stie derby en it die har eins neat. Rêstich sei hja, "Gean mar nei it havenkantoar en litte hja dêr in dokter skilje. De dokter kaam en stelde it ien en oar yn wurking. Der kaam in liekwein en die brocht it lichem nei de aula yn de stêd. Antsje belle nei Dirk. Evelien naam de telefoan op en sy hearde it ferhaal oan. Hja fernaam mar in lyts bytsje emoasje yn de stimme fan har skoanmem. Sy koe it har wol foarstelle. Hans is wol behoarlik oerstjoer. Antsje fangt him sa goed mooglik op. Hy koe der ek neat oan dwaan dat har relaasje sa striemin wie. Dirk kaam en regele alles sa goed mooglik.
Nei de begraffenis binne hja by elkoar oan board by Antsje om te oerlizze wat der fierder barre moat. Der is út Stienwyk al skille wannear har fracht skroat komt. Der moat fearn wurde. It libben giet troch. Antsje wurdt it mei Hans iens dat hja tegearre de fracht op syn bestimming bringe en sa komme hja twa dagen letter yn Stienwyk oan. Yn de fierte sjogge hja in rookploem boppe de fabryk hingjen. As hja oanlizze sjogge se dat de foarriedsilo's yn flammen opgien binne. De brânwacht is noch oan it neiblussen. Sagau it skip ôfmeard is giet Antsje nei it kantoar. De direkteur komt har al temjitte en kondolearret har mei it ferlies fan har man. Sy merkt sels op dat hja him ek har meilibjen betsjúget mei it ferlies fan beide opslagsilo's. De direkteur stelt foar om efkes mei te rinnen nei syn kantoar om te oerlizze wat no te dwaan. "Sa't jo sjogge binne de silo's platbaand mar gelokkich is de fabryk sparre bleaun. It duorret wol in jier foardat der nije silo's stean en no wol ik jo in útstel dwaan. As jo meie jo skip hjir lizze bliuwe wolle dan kinne wy dat as opslach brûke. Oer de fergoeding wurde wy it wol iens. Wat tinke jo derfan?"
Antsje moast it efkes op har ynwurkje litte en doe koe hja de man wol om de hals fleane want dit kaam as in geskink út de himel. No hoegde sy net te farre en dochs mei it skip jild fertsjinje. Hja stimde gelyk yn mei it útstel. Wat it opbringe soe moast hja mar efkes ôfwachtsje. Foar Hans wie it minder goed nijs. Hy moast omsjen nei oar wurk mar och, hy is in flinke jonge fint, dy redt him wol. Hja betelle him trije moanneleanen en skriuwde him in goed ûntslachbewiis mei de reden fan ûntslach en hy gie min of te mear tefreden wêr op Rotterdam oan. Sy bringt him nei it stasjon en nimt hertlik ôfskie fan him. Sy hat eins ek nea in hekel oan de jonge hân. Doe't hja werom kaam by it skip wiene de minsken fan de fabryk al drok dwaande foarsjenningen te treffen om streekrjocht út it skip nei de fabryk te lossen. Sy sit yn de stjoerhutte en sjocht de bedriuwichheid oan. Dit wurdt dus har libben it kommende jier. In pear dagen letter komt de direkteur by har oan board om har te fertellen wat hja oan fergoeding ferwachtsje kin. It falt har net ôf. Mei it jild fan de fersekering en it jild fan de fabryk kin sy goed libje. De earstkommende dagen giet hja Stienwyk mar ris yn. It is in moai stêdsje en jo kinne noch goed sjen dat it earder in festingstd west is. De stêdswâlen en festingmuorren binne der noch. Mar de measte belangstelling fan har giet fansels út nei de winkels. No, dat is wol yn oarder, winkels genoch. Hja kin hjir har jild wol kwyt wurde. De omjouwing is ek moai, allinne moat hja der noch oan wenne om der op út te gean. Dat hat sy ommes noch nea dien en dan ek noch allinne. It is allegearre nij. De frou fan de direkteur komt moarn by har kofje te drinken om kennis te meitsjen en noeget Antsje ek by har út, as hja dêr ferlet fan hat. Hja wennet by de fabryk en fertelt dat hja krekt begûn is mei swimles, mei noch wat froulju út de buert. Antsje fielt har tige fereard troch de belangstelling en seit ta mei te gean. Sa komt sy der fuortendaliks in bytsje tusken want it wurdt in ferfeelsum libben hjir. Dat swimme is fantastysk, hja hie noch nea in badpak hân en swom al hielendal net.
Geweldige oeren wiene it en hja lei jûns op 'e flier te oefenje want sy woe it swimmen fluch ûnder de knibbel krije. Nei in heal jier hie se har diploma A te pakken en gie hja foar B. Yn 't wykein kamen Dirk en Evelien mei de bern mearstal en dan wie it feest mei lekker iten en in fleske wyn op 'e tafel. De hieltyd faker hie Antsje troch de wike ek in flesse wyn op tafel en stadichoan waarden it twa flessen yn de wike en gie sy oer op wat sterkers lykas Jägermeister of Bearenburch. Wat wolst ek ast dy sitst te ferfele. In miel itensiede foar har allinne kaam der ek de hieltyd minder fan en dan helle hja mar wat út de stêd. Sy begûn harsels te ferweerloosjen en hja hoegde net op 'e skeal stean te gean om te witten dat se almar dikker waard. Doe't hja diploma B helle hie hâlde hja op mei it swimmen want sy skamme har yn har swimpak en waard it kontakt mei de froulju ek in stik minder. De iennige oanspraak dy't hja hie wie mei de mannen fan de fabryk en ienris yn de fjouwer of fiif wiken kaam der in skip om har skip wer te laden. Evelien seach dat it net goed gie mei Antsje mar hja wennen te fier ôf om regelmjittich by har te kommen. Dirk stelde har foar om in hûs yn Rotterdam foar har te sykjen, mar hja moast der net oan tinke. Hja wie in skippersbern en woe op it wetter bliuwe. Dêrby woe sy absolút net ôfhinklik wêze as meilijen opwekke by de bern.
Sa gie de tiid hinne en it like der net op dat sy gau sûnder wurk te sitten komme soe mei har skip. It skeat gjin mieter op mei de bou fan de nije silo's. Der moast op 'e nij in fergunning komme en der wiene nochal wat beswierskriften. De tsjinslach foar it fabryk wie yn it foardiel fan Antsje. Alle kearen as har skip laden wie spielde hja it dek skjin en as sy dan dwaande wie tocht se oan Jan en seach him wer yn elkoar sakjen en hope dat it har ek in kear oerkomme soe. Dan wie se fan alles ôf. Hja hie sels wol ris oerwoegen om oer board te springen mar dêr wie moed foar nedich en dat hie sy net en dus pakte hja noch mar in buorrel. Dat holp ek in bytsje al wist sy dat it de ferkearde kant op gie.
Haadstik 21
Hja skrikt op út har mimerjen en sjocht op de klok. Healwei fjouweren en har eagen dwale wer oer it wetter en hja sjocht dat de boat al tichteby is. Hja hat no gjin kieker mear nedich om te sjen dat it yndie sa'n boat is fan de 'Wettersteat' allinne yn oare kleuren skildere. Wylst sy sa sit te sjen falt it har op dat de boat net it kanaal folget mar rjocht op har skip oanstjoert en dus fan plan is om hjir oan te lizzen. Mei mear as gewone belangstelling nimt sy it gedrach fan de skipper in har op.
Gerrit, want dy is it mei syn boat 'GEA' tinkt dat dit in gaadlik plakje is om it wykein troch te bringen want yn 'e stêd is it mar ôfwachtsje as der noch plak is en draait de boat foar de boeg fan it skip. Hy lêst 'DE VOSSEN' op de sydkante en dy namme komt him net alhiel ûnbekend foar. Mar ja, hy hat safolle skippen lost yn Harns. It is nammers wol in aparte namme. Gerrit leit de boat fêst en skowt de rinplanke út, bringt syn fyts oan 'e wâl en set him tsjin de hikke fan it fabryksterrein. Antsje is ûnderwilens op har boatskuontsjes troch it gangboord nei foaren rûn om te sjen wa dêr dan wol fan board komt. As sy sjocht dat de man syn fyts klearset en blyber de stêd yn wol, rint sy fluch wer nei efteren en leunt tsjin de stjoerhutte as hy lâns it skip oer it smelle paad nei de wei ta rint. Hy sjocht de frou stean en ropt, "Dag buorfrou, oant hoe let binne hjir de winkels iepen op sneon?" "Oant fiif oere," seit Antsje. Gerrit sjocht op syn horloazje en sjocht dat it krekt fjouwer oere is en seit, "Dan kin ik noch skoan efkes wat boadskippen helje," en stapt op 'e fyts. Antsje sjocht him nei oant hy út sicht is en rint noch in kear nei foaren om te sjen of der noch folk oan board is. Sy stiet in skoftsje op de foarplecht mar sjocht de boat net bewegen. Dan mar efkes oan 'e wâl sjen, want hja is dochs nijsgjirrich nei wat foar boat dit is. Goh, wat in moaie boat, glêd yn de ferve en yn moaie letters de namme 'GEA' op de plecht. Hja sit letter yn spanning op it weromkommen fan de man te wachtsjen. It is omtrint fiif oere as Gerrit wer oan fytsen komt. Antsje stiet yn de dooriepening as hy fan de fyts stapt. "En, is it slagge?" "Ja," antwurdet Gerrit, "no kom ik it wykein wol troch". "Binsto allinne oan boord?" heart Antsje harsels sizzen. Hja skrikt der sels fan mar Gerrit fernimt it net en seit, "Ja, ik moat in bytsje foar mysels soargje want in oar docht it net." Sy tinkt, dat moat ik ek, en seit, "Asto sin hast oan kofje dan set ik wat." "No, dat sla ik net ôf, mar ik moat my earst in bytsje opknappe want ik far de hiele dei al. Oer in heal oerke, is dat goed?" freget Gerrit. "Ja hear, dan is de kofje brún." Hastich giet Antsje nei beneden om kofje te setten en harsels ek wat toanber te meitsjen. Hja skrikt as hja yn 'e spegel sjogge. Wat in ferlepte holle om fan de rest mar te swijen. Yn de stjoerhutte makket hja de tafel rom en bergt de flesse en it gleske mar op. Efkes nei fiven stapt Gerrit by har oan board. Hy jout har in hân en stelt him foar. Gerrit Blok út Harns en jout har in boskje roazen wat hy meinommen hie. Hja seit, "Ik bin Antsje Vos," en sjocht mei fernuvering nei de blommen. Gerrit sjocht har fernuvere blik. "Dit stelt neat foar hear, want tsjin it ôfrinne fan 'e merke krigest twa bosken foar de priis fan ien en ik ha oan ien bosk op tafel wol genôch, fandêr." Hja nimt de bosk blommen oan en seit "Wol'sto wol leauwe dat dit it earste bosk blommen is wat ik krij." "Dat mienst dochs net, hasto gjin man dy't dy ris in blomke meinimt?" Antsje sjit fol en de triennen rinne har oer de wangen. "Nim my net kwea-ôf, wat ha ik ferkeard dien. It wie net de bedoeling om jo oan it gûlen te meitsjen," seit Gerrit slim skrokken. "Let der mar net op," seit Antsje, "ik sit de lêste tiid wat mei mysels yn 'e knoop. Mar dêr kin ik in wyldfrjemde net mei lêstich falle, ferjit it mar, en noch tige tank." Hja rint it trepke ôf om kofje te heljen. Dat jout Gerrit de gelegenhied om ris wat om him hinne te sjen. Doe't hy hjir binnen kaam hie hy dúdlik in dranklucht roekt en no hy oer de tafel sjocht, sjocht hy de kringen fan de flesse en de glêskes op it blêd. De frou drinkt net allinne mar kofje, dat is dúdlik. Fierder is it hjir ek lang net skjin. Antsje komt de treppen wer op mei de kofje en in skeal mei koekjes en schinkt yn. Dan hellet sy de faas mei roazen en set die op de tafel. Gerrit nimt har op wylst sy dwaande is. Hja sjocht der wurch út en foar har lingte fan likernôch ien meter sântich ek fiersten te swier. Hy is ien achtensântich en sântich kilo mar sy is dochs fêst fiventweintich oant trietich kilo swierder. Hoeden komt hy werom op har emoasje by it sjen fan de blommen. Sy jout wat ûntwikend antwurd mar nei in bytsje oan te trúnen begjint Antsje te fertellen oer har libben. Hoe't hja altiten jûn hat mar nea wat werom krigen hat. Dat hja by har âlden altiten feint west hat en nea as bern in oankrûper as in leaf wurd krige. Hoe't hja oan har man kommen is en troch him brûkt is as syn húshâldster en wekster en net as frou. En hy mei syn feint foarop wenne en sy efterop. Dat hy nei de berte fan har soan har nea wêr oanrekke hat. Triennen streame oer har wangen wylst hja har ferûntschuldiget. Gerrit leit syn hân op har earm en seit, "Fanke, it is krekt goed datsto it ferteld hast, dat lucht op. Hoe lang bisto mei him troud west?" "Dirk is no achtentritich jier en wy moasten trouwen, dat dan witst it wol." "Jo seine dat hy dy nea wer oanrekke hat en dus nea wer seks mei him hân hast. Hoe is it mooglik! Wie hy homofiel?" freget Gerrit. "Ja, dat wist ik net doe't ik him kennen learde, ik hie dêr noch nea fan heard en wist net wat dat wie. Hy moast fan syn âlden sjen dat hy in frou krige want dy woene oan 'e wâl en hy wie al seisentweintich. En ik wie in makkelike prooi want ik wie achttjin en wist noch fan neat. Myn âlden hiene my nea wat ferteld. Doe't wy troud wiene waard ik gewaar hoe hy wie. Ik ha ek gjin fertriet hân doe't hy op it dek yn elkoar sakke. Mar dan bliuwst allinne efter en dan moatte jo mar sjen hoe't je it rooie". Gerrit hearde it ferhaal oan en krige ôfgryslik meilijen mei de frou. Har heale libben samenwenne mei in man dy har as foetfaai brûkte. "Wêrom rûnst net fuort?" Sy sjocht him mei betrienne eagen oan en seit, "Wêr moast ik hinne. Ik hie neat mear. Fan myn âlden hie ik neat te ferwachtsjen en myn soan hat in eigen libben. Dy woe ik net opzadelje mei myn problemen. Gerrit besocht him foar te stellen wat dizze frou yn har libben allegearre meimakke hie. It libben wie him ek net sûnder kleanskuorren foarby gien mar hy hie yn elts gefal it lok hân en leafde te ûnderfinen. Triennen folden syn eagen en doe't Antsje dat seach sei sy, "No ha, ik dy myn fertriet oanpraten, dêrfoar ha ik dy net útnoege. It spyt my." "Hoe komsto derby dy dêrfoar te ferûntschuldigjen. It is goed om it fan dy ôf te praten, dat loft op en ik bin bliid jo klankboerd wêze te kinnen. Dat is in teken datsto my fertroudste en dat fyn ik fijn," merkte Gerrit op. It wie wol sa, hja fertroude him folslein. Sy seach op de klok en hy folge har blik. "Ja, ik moat noch wat iten meitsje," sei Gerrit en woe fuortgean mar dêr wie Antsje it net mei iens. "Do moatst no net fuortgean, do bliuwst, wy kinne wat te iten helje want ik wol ek oer dyn libben hearre." Tegearre gean hja nei it kafetaria yn 'e stêd mei Antsje har auto. Gerrit kriget it idee dat hja fêste klant is en nea wat foar harsels itensiedet. De patat mei mayonaise en in gehaktbal smeitsje ornaris prima en it is al omtrint tolve oere as Gerrit opstapt en seit," Moarn betiid om in oere as tsien ha ik de kofje brún en ferwachte ik dy by my oan board. It klink har as muzyk yn de earen. Einlings immen dy wat oandacht foar har hat.
Haadstik 22
De hiele nacht hat Antsje oan dy man lizze te tinken. En Gerrit lit har ferhaal ek noch ris troch syn tinzen gean en beslút har moarn in moaie dei te besoargje. Antsje is moarns al betiid wekker en giet útwreide ûnder de brûs, lûkt har moaiste rok en blouse oan en stiet in kertier foar de spegel om noch in bytsje model yn it hier te krijen. Hja is hiel lang net nei de kapper west en dat is te sjen. Krekt nei tsienen stapt hja by Gerrit oer de rinplanke en bliuwt ferwûndere stean at hja de salon binnen komt. Alles glimt en blinkt en is sa skjin. Sy sjocht har eagen út. "Ik sil dy earst myn boatsje efkes sjen litte," seit Gerrit, "foar wy oan de kofje gean." Sy wit net wat se sjocht, sa moai. Wat is it dan by har in grutte binde. Har each falt op in grutte foto fan Gerrit, Gea en harren trije bern. "Dan moat dat Gea wêze wêr'sto de boat nei neamd hast." Gerrit ferteld oer syn gesin. Oer de prachtige jierren tegearre mei Gea en letter mei de bern. Mar ek oer de rampen dy him oerkaam binne. En benammen oer it ferlies fan syn frou. Antsje heart de droefhied yn syn stimme en sjocht de triennen yn syn eagen. Hy skamme him net om syn emosjes te toanen. "Hasto har leaf hân?" Antsje wit dat dit in oerstallige fraag is. "Ja, ik haw har ôfgryslik leaf hân. Hja wie wier myn maatsje en in geweldich mem foar ús bern. Mar ek in sterke frou dy krekt wist wat hja woe en koe hiel goed mei minsken omgean. Dat hie hja thús leard yn de winkel." Wat is it dochs prachtich asto sa wurdearre wurdst, tocht Antsje. Sy hie dat nea kend.
It is al oer twaën as Gerrit útstelt om de stêd yn de gean en earne wat te iten." Ik bin net sa'n bêste kok en sil dy myn kookkeunsten dan mar besparje. Dat wol ik dy net oandwaan en dêrom trakteer ik hjoed." Hja geane op 'e fyts en sykje in lyts ythúske en sitte efkes letter efter in glês wyn wylst de kok har wat lekkers ree makket. Antsje hat de moaiste dei fan har libben en lit dat ek blike. Sy strielt en moat har behearskje om him net om 'e hals te fleanen. Nei it iten fytse hja in eintsje om. Hy nimt har mei nei Tuk, in gehucht flak by Stienwyk bekend om syn 'berg'. Gerrit is hjir faker west mar Antsje wit net wat sy sjocht. Sa tichteby en sa moai. It is lykas ast yn Eastenryk binst, allinne hjir de bergen wat minder heech. Nei tweintich kilometer fytsen, mei as gefolch in sere kont, bringe hja de fytsen wer oan board. De hiele jûn sit sy by Gerrit oan board en Antsje rekket net útsjoen op de moaie boat en benammen hoe skjin it is. "Ik moat oan dy in foarbyld nimme en mysels wer oppeppe want sa giet it de ferkearde kant út." "Ja, do hast noch in hiel libben foar dy," seit Gerrit, "hoe âld bisto eins?" "Seisenfiiftich en oer dat libben foar my bin ik net iens sa wiis mei." Dêr wit Gerrit gjin antwurd op. Hy kin it him wol in bytsje foarstelle dat hja it sa besjocht. As je ûngelokkich binne dan falt it libben swier. "En do dan?" freget Antsje, "hoe âld bisto dan?" "Ik bin sânensechtich en bin dêr ek net bliid mei. Ik hie noch wol wat jonger wêze wollen." Hja leitsje en drinke noch in buorrel tegearre. "En hjir moat ik ek mei ophâlde want dit begjint myn libben te beheerskjen," seit Antsje. "No, noch ien dan en dan berch ik de flesse op," seit Gerrit. "Hoe let giesto moarn fuort?" wol Antsje witte. Gerrit doart hast net te sizze dat hy moarntemiddei wer farre wol. Hy seit, "litte wy earst by my noch kofje drinke." En sa giet elk nei syn eigen sliepplak.
Gerrit stiet him de oare moarns al betiid te skearen as hy de stimme fan Antsje heart. It klinkt wat ûngewoan. Hy heart panyk yn har stimme. "Gerrit, Gerrit bisto al op. Ik bin fallen," ropt sy. At hy de doar iepenet sjocht hy fuort dat it net goed mei har is. Mei de linkerhân ûnderstipet sy de rjochterearm en dy earm liket wol in bytsje knikt. Hy freget wat har oerkaam is. "Ik stapte út de stjoerhutte yn it gongboard lykas ik wol tûzen kear dien ha mar no stroffele ik oer dy hege drempel en foel ik op de rinbrêge," antwurdet Antsje. Gerrit skowt in stoel by de tafel en twinget har om sitten te gean. Hy pakt in lange breadplanke, wikkelt der in hândoek omhinne, leit in sjaal op tafel en leit de planke der op. "As'to no de earm op die planke leist en in bytsje foaroer bûgest, dan kin ik de sjaal efter dyn holle knope en dan hinget dy earm moai yn 'e rêststân. Hy hannelet rêstich, al wie it alledaags wurk en seit, "no fanke en no op nei it sikehûs. Efkes dyn fersekeringspapieren opsykje, de boel ôfslute en dan gean wy. Trije kertier letter sitte hja yn Meppel yn 't sikehûs by de earste help. En hja binne net de ienigsten. Der binne noch fiif foar har en it wurdt dan ek wachtsjen. Nei in heal oerke seit Antsje, "ik moat pisje." "No, om 'e hoeke haw ik in wc sjoen, dat kom mar mei, ik help dy wol efkes." Gerrit stapt mei har de wc yn en helpt har út de broek, rikt har as hja klear is in papierke oan en klaait har wer netsjes oan. Dit giet sa fanselssprekkend sabeare hy dit al jierren dien hie. In oere letter sitte sy wer yn de auto werom nei Stienwyk. Gerrit nimt wat iten mei út de stêd en efkes letter lit Antsje har hoeden yn in stoel sakje. Hja leit har gipsearm op de tafel en seit, "Wat no?" Gerrit set wat kofje en giet by har sitten. "Do hast ferskillende mochelikheden", seit Gerrit, "do kinst dyn soan skilje as hja dy brûke kinne yn Rotterdam as nei de dokter om in plakje te regeljen yn in fersoargingshús foar in wike as acht. Ik wol dy ek wol wat oars foarstelle en dat is dat ik hjir by dy bliuw oant do wer klear binste. Dêr moatsto hiel goed oer neitinke want dat hat nochal wat gefolgen foar dy. Do hast al fernommen datsto mei ien hân mar in lyts bytsje kinst en dan ek behoarlik ôfhinklik binste. Dat betsjut dan ek dat ik dy, as wyldfrjemde keardel, út- en oanklaaie moat. Do meist net ûnder de brûs en dus moast dy waskje foar it oanrjocht. En dat is nochal wat foar in frou dat tink der marris goed oer nei. As'to my fertrouste dan bliuw ik dus by dy en fersoargje dy en dyn húshâlding". Antsje sjocht him mei grutte eagen oan en seit, "Miensto dat, datsto hjir al dy wiken by my bliuwe wolst?" "Ja," seit Gerrit, "dat mien ik. Do hoechst net direkt te beslissen. Do kinst der de hiele nacht oer neitinke want do krigest dochs net in soad sliep fanwegens de pine en ongemak." Dy dei ûnderfûn Antsje hoe't it is om dy mei ien hân rêde te moatte en dan ek noch de ferkearde. Sy is rjochtshannig en dy is no krekt brutsen. Gerrit moat har mei alles helpe. Hy hie gelyk, hja krige dy nacht mar in lyts bytsje sliep en hie alle tiid om nei te tinken. As hja de oare moarn oan de kofje sitte freget Gerrit wat sy besletten hat. "Nei myn soan ta kin ik net," seit Antsje, "want dy hawwe beide in baan en twa bern. Nei in ferswoarchingshús liket my ek net ideaal en dêrom wol ik dyn útstel graach annimme." "Dat is dan ôfpraten," seit Gerrit, "mar do moatst my wol in bytsje de frije hân jaan. Ik wol hjir wol graach it ien en oar feroarje." "Dat kin ik my skoan foarstelle," seit Antsje, "ik haw der wat in rommeltsje fan makke en dus wurdt it fêst better."
Gerrit giet foar har stean en seit mei de hân op syn herte, "Dan beloof ik hjirby dat ik neat dwaan sil wat'sto net ha wolst. Antsje laket, "Ik fertrou dy en beloof dat ik sa folle mooglik helpe sil.
Gerrit begjint fuort te himmeljen en de boel in bytsje op oarder te bringen. Antsje hat de gewoante om alles op in hoop te smiten. Leppels, messen, foarken, alles leit by elkoar yn in keukenlaad. Dat is Gerrit sa net wend. Hy is nochal in Pytsje Persies en hat hjir dan ek wol wat te dwaan. Hy docht it mei in soad wille want do kinstst sjen dat it opknapt. Antsje nimt it mei bewûndering in har op. Hoe is it mooglik dat sa'n man dat foar har docht. Sy hat har hiele libben foar in oar soarge en no docht hy dat foar har. Hy itensiedt ek wat oars dan dat sy wend is. Dat wol sizze, gjin fette hap mar sûne iterij. Dat hy har helpt mei út- en oanklaaien nei de wc en jûns by it op bêd gean, dêr is hja fluch oan wend. Allinne dat hy eltse moarn in skjinne ûnderbroek foar har klear leit, dat moat wol efkes wenne. Sy naam dat net sa nau, mar Gerrit stiet derop. De waskmasjine draait wol en it fielt dochs ek wol goed mei skjinne klean moarns. Woansdeitejûn bellet hja Dirk om har hoeden op de hichte te bringen mei wat har no oerkaam is. Neidat sy it hiele ferhaal ferteld hat, sizze hja ta om snein te kommen, om kennis te meitsjen mei har grutte stipe. Hja binne fansels hiel bliid dat der immen foar har soarget. Hja binne tige benijd wat dat foar in man is dy samar sa'n taak op him nimt. Tongersdeitemiddei moat it der dochs mar fan komme. Hja sjocht der dochs wol in bytsje tsjinop om har bleat te jaan foar in waskbeurt. Hy hie sein, "Asto der klear foar binst dan sis it mar. Ik dring dy neat op." Gerrit lei in grutte handoek op de keukenflier en sei, "No fanke, no moat it dan dochs mar barre. It is foar my like frjemd as foar dy mar do moatst mar sa tinke, de earste kear is it minste." Hy helpt har út te klean en seit, "Do meist earst dyn broekje wol oanhâlde hjer." "Nee hjer," seit Antsje, "alles út dan bin ik der mar troch. Do kinst my net waskje mei klean oan." En dus stiet hja efkes letter spierlikeneakend foar him yn de keuken. Sy frege "Wat fynsto derfan, earlik sizze." "No, famke," seit Gerrit "do binst tritich kilo te swier mar dêr is wol wat oan te dwaan. En wat my ek opfalt, datsto in droege hûd hast. Dyn ûnderklean sit fol schilfers." "Ja, dat is ek sa, it is bitiden lykas oft it snijt. Mar dat is net sa slim dan dy tritich kilo. Dat is der it lêste jier oankommen. Ik wie yndie earder fiifentritich kilo lichter doe't wy noch fearen. It is myn eigen skuld mar hoe krij ik dat der wer ôf?" seit Antsje. "Der sille wy it aanst oer hawwe. Ik sil dy no earst efkes lekker waskje," seit Gerrit en nimt har flink ûnderhannen. Hja fynt it hearlik en lit dat ek fernimme. As hy klear is spielt hy it waskhândsje út en triuwt it har yn de hân en seit "In dyn krús moatst dy sels mar efkes rêde, dat is my te intiem." Hy droeget har ôf en helpt har wer yn 'e klean. "No, hoe fûnst it foar de earste keer?" Antsje antwurdet dat hja it wol in bytsje aaklik fûn mar efternei foel it har slim mei.
As hja letter oan it jûnsiten sitte freget Antsje, "Wat bedoelde sto mei, dat der wol wat oan te dwaan is, oan dy fiifentritich kilo?" "Ik bin gjin Sonja Bakker," seit Gerrit "mar asto meiwurkje wolst dan is dat net sa slim. Der binne trije dingen dysto feroarje moatst, as earste moatsto wat sûner ite en gjin fette hap mear en dêr soargje ik foar. As twaddens moatsto mear bewege. As dyn earm wat minder pynlik is kinne wy de middeis in eintsje te rinne gean en as tredde," en hjir wachte hy efkes en sjocht har oan. "Ja?" seit Antsje "ik wit it, de drank steanlitte." "Dat hasto goed ret, mar it hoecht net yn ien kear hjer. Dat gean wy stadichoan ôfbouwen en dan is dat net sa moeilik." Hja sjocht him oan en seit "Asto my helpe wolst dan wol ik der alles oan dwaan." "Dan komt it goed famke, en wat dyn droege hûd oangiet, dêr wit ik ek wol wat op. Alle kearen nei it waskjen dyn hûd insmarre mei amandeloalje en dan bist der nei in pear wiken fanôf. Dan hasto in felsje as in lytse poppe." Dat liket Antsje wol wat ta. "As dat ris wier wêze soe. Wêr krigest dy oalje." "By it Krûdfet of by de Trekpleister," seit Gerrit. "Wy moatte moarn dochs de stêd yn om boadskippen dan helje wy in flesse." Antsje kin net wachtsje.
Net allinne om die droege hûd, mar troch him insmard te wurden liket har it einde. Der binne twa soarten ferpakkings, in grut en in lyts fleske. Gerrit riedt har oan om de grutte flesse te nimmen. Hy seit, "Do hast nochal in grutte oerflakte en dan is in lyts fleske samar op." Hja laket en nimt dan ek de grutte flesse. Freedtemiddei is it safier. Nei it waskjen op in grutte hândoek, giet Gerrit har lekker insmarren mei amandeloalje. Hja fynt it sa hearlik dat hja spontaan yn gûlen útbast. Gerrit schrikt derfan. "Ik doch dy dochs net sear?" freget hy. "Natuerlik net mar dit is fan geloksaligens, dit ha ik nea earder field. Oh, Gerrit wat bin ik dy hjir tankber foar." "Hiel graach dien, famke, ik fyn it ek moai om te dwaan. Hokker keardel soe dit no net wolle. "Gerrit, myn keardel dus net, mar dy koest faaks ek gjin keardel neame," seit Antsje.
Haadstik 23
Sneontemoarn om tsien oere stean Dirk en Evelien mei har beide bern foar de doar. Gerrit lit harren deryn en stelt him foar as de húshâldster. Evelien bliuwt fol fernuvering stean. De mûle falt har iepen en as hja him wer ticht hat seit Antsje, "Kinsto sjen dat it hjir feroare is?" "Binne wy hjir wol goed?" freget Dirk, "ik werken it hjir net mear." Gerrit stiet der glimkjend by. Evelien knikt him tankber ta en tinkt dat dit faaks wol har redding is. Antsje fertelt noch in kear it hiele ferhaal. Ûnderwilens binne de bern oan 'e wâl om Gerrit syn boat te besjen want dy is folle moaier as sa'n skip. At hja letter werom oan board komme binne hja optein oer dy moaie boat. Wol'sto him ek fan binnen sjen want dan doch ik de doar efkes los. Fansels wolle hja dat. Dick is wei fan boaten en sit fuort efter it stjoerrad. As Dirk en Evelien ek komme te sjen en fol lof binne oer de boat en benammen hoe alles blink en glimt, stelt Gerrit foar om de middeis in eintsje te farren. Elkenien is foar en dus goaie hja nei it iten de trossen los en farre sy rjochting Kallenberg. Ûnder tafersjoch fan Gerrit mei Dick stjoere. Hy fielt him in echte seeman. As hja lâns it plak farre wêr Gerrit hast ûnder in skip terjochte kaam, fertelt hy hoe dat kaam. Hoe hy oer syn frou, bern en it libben piekere. Mientje harket oandachtich en seit, "No wit ik wêrom dizze boat 'GEA' hjit". "Ja, en sa is Gea noch altyd by my," seit Gerrit. It famke is efkes stil en seit dan, "Misskien hjit jo folgjende boat wol Antje." Gerrit leit syn hân op har skouder en seit, "Misskien nim ik der noch wol in boat by." De beide froulju kearden harren holle ôf en begjinne oer de eintsjes en de meerkoeten yn it reit. As jûns nei it iten der ôfwosken wurde moat stelt Evelien út om Gerrit te helpen, dan kinne mem en soan efkes rêstich prate. De bern meie yn de boat wêr hja nachts ek sliepe kinne. Ûnder de ôfwask fertelt Evelien hoe tankber hja Gerrit is dat hy Antsje helpe wol. Sy hie net witten hoe't it oars moatten hie. "Ik koe har net yn de steek litte, dit like my de bêste oplossing, mar it is foar jo skoanmem wol in slim beslút west om har lot yn 'e hannen fan in frjemde fint te lizze. Dêr haw ik geweldich respekt foar. Dat is net maklik foar in frou."
"Do koe'st wol ris har redding wêze want it gie net bêst mei har, neffens my drinkt hja ek te folle," merkt Evelien op. "Dat is ek sa, mar wy besykje dat stadich op te lossen. Hja wol der sels ek graach wol wer fanôf. Dat komt wol goed," neffens Gerrit.
As de famylje Vos de oare deis wer werom rydt nei Rotterdam binne hja behoarlik rom om it hert. "It liket my in fantastyske fint," seit Dirk "It soe moai wêze as dy twa by elkoar bliuwe soene. Dan krige myn mem op syn minst noch in bytsje lok yn har libben en Gerrit krige ek wat in geregelder libben. Mar ja, dat is net oan ús om dat út te meitsjen." "Nee, mar wy kinne hja wol in bytsje helpen," seit Evelien.
As de pine wat minder wurdt en Antsje wend is oan de swiere gipsearm, gean hja de middeis in stikje te kuierjen. Dat noaske bêst, allinne hat Antsje gjin goeie skuon. Op bootskuontsjes rinne jo net sa fier en dus keapje hja yn de stêd in pear stevige kuierskuon. Yn't begjin rinne hja koarte stikjes, mar it duorret net lang of hja stappen sa'n fiif kilometer en dy fiif wurde tsien. Antsje fernimt al gau dat har broek rommer wurdt. Ek kin hja de hieltyd langer mei in flesse drank ta en begjint der yn te leauwen dat it slagje sil om dy fiifentritich kilo wer kwyt te reitsjen. Gerrit sjocht de frou opbloeien. As hja op in jûn sa by elkoar sitte en nei har favoryte muziek harkje seit Gerrit, "Wit'sto wat'sto dwaan moast. Do moast in ôfspraak meitsje mei de kapper." Antsje bellet de oare moarns de kapper en kin de middeis fuort al komme. Gerrit bringt har mei de auto en seit, "As't klear binst, skilje dan mar, dan helje ik dy wer op." Antsje bellet net, mar rint werom. "Tjonge, dat is in hiel oar gesicht. Do wurdst mei de dei moaier," seit Gerrit en hy mient it wier. As Dirk en Evelien de freeds komme merkt Evelien op dat it dochs in wûnder is dat in minske sa feroarje kin troch wat oandacht en belangstelling. Hja kin har skoanmem omtrint net wer. Fan in útbluste sloof oant in bloeiende frou. As hja Gerrit helpt mei de ôfwask, priziget hja him noch mar ris en besiket him hoeden te oertsjûgjen dat hy mar better by har bliuwe kin. "Dêr gean ik net oer," seit Gerrit "as Antsje aanst wer klear is, wol hja my faaks net iens mear." "Tinke jo dat werklik, man, hja is smoorfereale op dy," seit Evelien. "Ja, dat is moai sein, dêr moatte wy dan mar goed mei elkoar oer prate. Hoe tinkt Dirk dêr oer as ik my hjir yn de famylje trochdring. Antsje hat in grut skip fan mear as in miljoen en ik in lyts boatsje," seit Gerrit. "Der sille wy it jûn oer hawwe, Gerrit. Ik wit hoe Dirk dêr oer tinkt."
As de bern op bêd binne, yn de boat, begjint Evelien deroer. Hja wol witten hoe Antsje der oer tinkt. Dy fertelt mei triennen yn de eagen hoe graach hja wolle soe dat Gerrit by har bliuwe soe. Dirk is it dêr alhiel mei iens mar merkt op dat it fansels net oan har is om dat te beslúten. Gerrit bliuwt hoeden en stelt foar dat hja nei de winter beslúte. Hy seit, "Stel dy foar dat wy net opsjitte kinne as wy de hiele winter op elkoars lippe sitte. Ik stel foar dat wy it útstelle oant ús jierdei yn meert. Dat is foar my tolve meert en foar Antsje de trettjinde. Dan kinne wy elkoar wat better." Dêr drinke hja op. Dat it oars rinne sil dat witte hja dan noch net.
Haadstik 24
Antsje begjint nei de dei te langjen dat it gips fan har earm kin. It sit der no seis wiken om en it fielt de hieltyd better. Gerrit ried har oan om flink te oefenje mei dy hân en earm sadat de spieren in bytsje soepel en stevich wurde want dêr hat hja aanst baat fan. Sy folget trou syn ried op. Hja fielt har de hieltyd sterker ta Gerrit oanlutsen en hopet him foar har te winnen. Syn meilijen foar har wurdt stadich in soart leafde, al sil hy syn Gea nea ferjitte. Freed is meastal de dei dat hy Antsje fertroetelt mei in waskbeurt en in massage. De hiele dei hat Antsje in frjemd oanhâldend gefoel. Hja langet der nei har foar him út te klaaien. Skamje docht sy har net mear foar him. Hja sit ek de hieltyd better yn har fel, want dat wurdt ek de hieltyd rommer. Tweintich kilo is sy no al kwyt en hja tinkt al oan nije klean. Gerrit wasket har fan boppen oant ûnder en dêrnei leit hy har op in grutte hândoek foar de oalje massage. Earst de efterkant en dêrnei is de foarkant oan bar. Hja ûndergiet it mei de eagen ticht sadat sy har hielendal konsintrearje kin op de taasten fan syn hannen. Hja rekket der optein fan as hy har dijen masseert. Stadich lûkt hja har knibbels op en set har fuotten stevich yn it bêd. Hoe tichter syn hannen by har krús komme hoe mear hja har skonken iepenet. Sy tilt harsels op fanút it bêd en hoewol hja neat seit, sprekt har lichem boekdelen. Hy leit syn rjochterhân op har skaamheuvel en lit hoeden syn middelvinger tusken de skaamlippen en befriemelet har klitoris. Der giet in siddering troch har lichem. Hja kin der neat oan dwaan mar rekket al hiel út de rifels. Hy fielt in straaltsje focht tsjin syn hân. Hiel har lichem spant him as in fear. Mei in ûnderdrukte gjalp komt hja klear en stadich ûntspant sy har en sakket werom op de wiete handoek. Wat Gerrit net mear foar mooglik hold, barde. Hy krige in ereksje en in spontane siedlozing. Dat wie him yn jierren net mear oerkommen mar Antsje hie it wer yn him wekker makke. Hja die har eagen iepen en sei, "No moat ik my fansels ôfgryslik skamje." "Skamje?" seit Gerrit, "Hoe komsto derby. Do hoechst dy by my nearne foar te skamjen. Ik moast my skamje omreden ik my net oan myn belofte hâlden haw." "Ho, ho, do hast tasein neat dwaan te sille wat ik net woe," seit Antsje "en hiesto it idee dat ik dit net woe?" "Nee, dat idee hie ik net. Bliuw mar efkes lizzen dan waskje ik dy. Hy lûkt de handoek in eintsje ûnder har wei sadat hja wer droech leit, wasket har en helpt har mei 't oanklaaien. Sagau hja klear is lûkt hy him efkes werom om himsels te ferskjinjen. Jûns as hja tegearre op 'e bank sitte krûpt sy ticht tsjin him oan, leit har lofterearm om syn hals en tutet him, wat troch him beantwurde wurdt. It is de earste kear dat hja elkoar de leafde betsjûgje. Hja seit súntsjes, "Do moatst foar my dyn Gea net ferjitte, mar faaks mei ik op de twadde plak komme?" Hy lûkt har ticht tsjin him oan en seit, "Dat mei, want dit hie Gea fêst wol goedfûn." "Sille wy in kear nei Gea tagean?" freget Antsje. "Ja, litte wy dat mar ris dwaan dan kin ik dy sjen litte wêr't ik wei kom."
In pear dagen neitiid riden hja yn Antsje har auto nei Harns. Gerrit is der noch net wer west en is benijd hoe't it grêf derby leit. Syn dochters komme der wol geregeld as hja tiid hawwe, want de fammen hawwe it drok mei harren pension. Gerrit triuwt it hikke iepen en stadich rinne hja tegearre oer it tsjerkhôf. As hja by it grêf binne wêr Gerrit syn âlden, Gea en syn soan lizze lit Gerrit him op syn knibbels op de plaat sakje en lit syn triennen de frije loop. Antsje leit har hân om syn skouder en fielt syn fertriet mei. Omtrint flústerjend seit sy, "Leave Gea, nim my net kwea-ôf dat ik ek fan dizze man hâld." Nei in heal oere rinne hja hân yn hân nei de auto. No sil ik dy sjen litte wêr wy wennen en hy rydt nei de Fjildstrjitte. Dêr is nimmen thús mar de buorfrou komt gelyk oanrinnen en noeget har út by har komme om in kop kofje te drinken. Sa kinne hja efkes byprate en heart sy wa Antsje is en hoe it sa kaam is. Nei de kofje gean hja nei de jachthaven om te sjen hoe't it mei Jacob en Annie giet. Dêr wurde hja hertlik ûntfongen. Hja binne bliid om Gerrit werom te sjen en nei heard te hawwen wa Antsje is en hoe hja by elkoar kommen binne seit Annie "As jimme it goed rooien kinne tegearre, dan is it dochs foar jimme beiden it bêste om tegearre fierder te gean. Dat swalkje troch it lân yn sa'n boatsje, dat is dochs neat. Ik wit fêst dat Gea it goed fine soe. Jim kinne noch in hiele protte moaie jierren beleve." Dêr binne hja it roerend mei iens. Annie stiet derop dat hja bliuwe te iten. Let yn de middei gongen hja wer werom nei Stienwyk. Jûns seagen hja werom op in dei fol emoosje en sei Antsje bliid te wêzen mei in stikje iepenhied yn syn libben. Sy fielden harren de hieltyd mear oan elkoar oantrokken. Der ûntstie echte leafde tusken harren beide. Einlings komt de dei yn sicht wêrop Antsje har al sa lang ferheuge hat, nammentlik dat it gips derôf helle wurde sil. Hja fynt it in aaklik gefoel as de suster de seage yn it gips set. Do moatst der dochs net oan tinke dat hja yn har earm seaget. Einlings wer frij bewege, al falt dat earst wol wat ôf. It is in hiel raar gefoel, sa sûnder it beskermjende gips. Der wurdt in foto makke sadat hja sjen kinne hoe moai it fergroeid is. Hja kriget der in kouske omhinne en sy kinne wer gean. De middeis nei it iten seit Antsje "Wit'sto wat ik no graach wolle soe?" "Ja, dat wit ik wol. ûnder de brûs fansels. No dat dogge wy dan dochs. Moai tegearre, dan kinsto my de rêch ek ris waskje." En sa stean hja efkes letter tegearre ûnder de waarme strielen te genietsjen, benammen fan elkoar. Sy hat foar Gerrit gjin geheimen mear, mar foar Antsje is dat oars. Sy sjocht foar it earst in man bleat en waant har yn luilekkerlân. "Mei ik him oanreitsje," freget hja. "Fansels wol, hy is no ek fan dy," seit Gerrit. Hoeden nimt hja syn pimel yn har hân en fielt hoe hy groeit. Gerrit tutet har en lit him op it krukje sakje en seit "Kom mar." Oerskrank komt hja oer him hinne stean. Hy leit syn hannen om har billen en lûkt har nei him ta en sy fielt dat dit goed giet en alsa ien wurde. Hjir hat sy jierren nei langere. O, wat is dit hearlik, sa ûnder de waarme brûsstrielen. Hja goelt fan lok al kinsto dat net sjen mei al dat wetter. As hja efkes letter oerein komt ûntkomt har in flinke wyn. Hja moatte der beide bot om laitsje en sy seit, "Ik hoegde my dochs nearne foar te skamjen?" "Nee famke, do hoechst dy nearne foar te skamjen.". Jûns as hja op de bank sitte seit sy, "Ik bin sa bliid en lokkich dat ik einlings mysels wêze kin. Dat haw ik myn hiele libben net kind." Gerrit slacht in earm om har hinne en tutet har. Hy is ek wer gelokkich.
Haadstik 25
Trochdat Antsje al mear as tritich kilo ôffallen is wurde har klean wol slim rom en wurdt it tiid foar wat nijs. Hja wol dat Gerrit mei giet want hy hat mear ferstân fan hoe't in frou klaaid gean moat dan sy. As hja tegearre yn sa'n modezaek komme, pakt Gerrit it snoad oan en seit tsjin de al wat âldere winkeljuffer, "Klaaie jo myn frou no ris moai oan want wy hawwe der net safolle ferstân fan." Hja seit, "Dat wol ik graach dwaan mar wat mei it kostje." "No, it mei wol wat kostje. Ik moat der in skoftsje mei foarút." Antsje fertelt hoefolle hja de lêste tiid ôffallen is en sjocht de oergeunstige blik fan de juffer. Gerrit wurdt op in stoel delsetten en sjocht ta hoe Antsje in nije garderobe oanmjitten kriget. It kostet yndie in pear sinten mar it risseltaat mei der wêze. Allinne as hy har yn in moaie strakke broek stean sjocht riedet hy har oan ek wat oar ûnderguod te keapjen. In slipke om de nochal stevige billen tekenet ôfgryslik. Hja kin it sels net sjen mar hat wol oare froulju sa rinnen sjoen. "Wat riedest do my oan," freget hja "Do wolst my dochs net yn in string hawwe?" "Nee hear, mar wol yn in boxer broekje mei piipkes. Dat tekenet net," wit Gerrit.
As Dirk en Evelien sneins komme en Antsje har nije klean sjen lit, sjocht Evelien fuortendaliks oan de efterkant. "Ja, ik ha in goede riedsman. Dat kinsto fêst wol sjen. Lit dat mar oan Gerrit oer. Dy tinkt oeral oan en ik bin der o sa wiis mei," seit Antsje.
Stadich begjint Antsje har earm wer normaal te fielen en nimt hja de húshâldlike taken wer fan Gerrit oer, mar hy bliuwt har helpen wêr't hy mar kin. De silo's by it fabryk binne omtrint klear en it sjocht der nei út dat Antsje nei de winter ûntslach kriget mei har skip. It stiet harren noch net dúdlik foar eagen wat der dan barre moat. Farre wol Antsje net mear want Gerrit sjocht it ek net sitten om skippersknecht te wurden. Dat hja by elkoar bliuwe wolle stiet wol fêst, dêr hoeche sy net langer oer nei te tinken. Gerrit is seksueel hielendal opbloeid en hy fielt him wer in jonge god. Dat komt goed út want it is krekt as Antsje alles ynhelje wol wat hja tekoart kaam is. Wol freget sy har geregeld ôf as Gerrit it wol byhâlde kin. Hja skele wol alve jier yn leeftyd en sy liket ek noch ris tsien jier jonger as doe't hy har de earste kear seach. Mar sy heart him nea kleien. Alle dagen dogge hja oefenings foar de kondysje en foar de sloppe bûkspieren fan Antsje. Asto safolle ôffalst komsto wat rom yn 't fel te sitte en dat besyke sy mei bûkspieroefenings op te lossen. En dat slagget bjusterbaarlik. Ek stiet der eltse dei in flinke kuier op it menu en as it moai waar is, in fietstocht. Antsje is sa goed as fan de drank ôf, mar hja drinke wol in pear fleskes wyn yn 'e wike. Der moat wol in bytsje sûnde yn it libben bliuwe. Op in jûn yn jannewaris, as hja elk efter in moai boek sitte, giet de telefoan. Antsje nimt op en leit de heak op 'e tafel sadat Gerrit mei harkje kin. It is Dirk mei grut nijs. Syn baas hat yn Kampen in lyts makelderskantoor oernommen en oan Dirk frege as hy ree is om dat kantoar te runnen en nei it noarden ta te ferfarje. "As't goed is komme wy yn it wykein by jimme want dan wolle wy efkes omsjen op dat kantoar en by in makelder as der ek in hús foar ús te keap is. Dan komme wy freedtejûn en dan hearre jim der wol mear fan." Antsje is optein. Hja hawwe al faker oanjûn út Rotterdam wei te wollen en no krije sy de kâns. Gerrit sit in skoftsje stil foar him út te sjen oant Antsje seit, "Wat hasto, is der wat?"
"No, ik sit te tinken dat it moai wêze soe datsto dyn skip ferkeapje soest en dat ferpatte mei dyn soan. Hy hat ommers rjocht op in heitenpat, dêr soene sy in moai húske fan keapje kinne." Antsje sjocht him oan en freget, "En wy dan?" "Wat soe sa'n skip wurdich wêze? Oardelheal miljoen? Fan de helte derfan kinsto in moaie wenark bouwe litte op It Feen," seit Gerrit noch heal yn tinzen. Antsje falt him om 'e hals en lit har triennen de frijút rinne. As sy in bytsje bekommen is fan de emoasje seit hja, "Sil ik him werom skilje?" "Do soest har bysûnder bliid meitsje, tink ik, en dan kinne sy wat gerichter nei in wenning omsjen," mient Gerrit. Antsje bellet fuort nei Dirk, "Ja, noch efkes mei dyn mem, moast ris harkje nei wat Gerrit útstelt." Dirk heart it oan, is efkes stil en raast dan, "Evelien, kom hjir ris en hear wat Gerrit en myn mem útstelle." Antsje leit it nochris út en Evelien kin net oars útbringe as, "Een tsjokke oankrûper fan ús en oant freed. Gerrit en Antsje drinke der in wyntsje op en tinke oan in moaie ark mar ek, wêr't sa'n ark dan wol lizze moat. Freedtemoarn foar tsienen stiet de famylje Vos al by har oan board en wurde hja útwreide knuffele. Dirk leit út dat hja net op syk hoeche nei in wenark want hy hat in prachtich skip yn 'e oanbieding. It leit yn Sliedrecht en is in grut skip ombouwd ta wenskip. It moat wol twa en heale ton kostje mar dat is gjin beswier as dit skip ferkocht is. Hy hat der foto's fan, it is in skip fan tsjok 600 ton, hielendal ombouwd troch de foarige eigner en fan alle gemakken foarsjoen. Der is sels in auto garaazje op. Dy minsken binne ferstoarn en no leit de ark al in pear jier by in skipswerf yn Sliedrecht te keap. Nei de kofje gean hja mei de bern nei Kampen om te sjen nei skoallen en fansels nei in makelder foar in wenning. Jûns komme sy werom yn Stienwyk mei positive ferhalen. Skoallen genôch yn Kampen. In moaie stêd oan 'e Iessel. Op it kantoar binne hja tige freonlik ûntfongen. Nei de bangens foar de slúting binne de fjouwer wurknimmers no wer posityf stimd. De makelder hie ferskillende húzen yn de oanbieding wêrûnder in ferbouwde buorkerij yn Iesselmuiden, oan de oare kant fan de Iessel. Der leit in flink stik lân by en dat fyn Mientje geweldich want dy is gek fan hynders. Dat it buorkerijtsje ek noch oan in kanaaltje leit komt Dick wer goed út want dy wol wol graach in sylboat. Hy hat al les yn Rotterdam. Sneontemoarn moat Gerrit ek efkes sjen en dy is gelyk mei in mes by de kesinen en de doarren lâns west om te sjen as it hout wol geef is. It is bêst yn oarder, sa te sjen. Oeral dûbeld glês en goed isolearre. De priis is heech. Seis en heale ton, mar Gerrit riedt har dochs oan om it te keapjen. Hjir hoecht neat oan te barren, do kinstst der by wize fan sprekken, sa yn. It wennet der moai frij en dochs ticht by de stêd. Sy folgje Gerrit syn ried op en beslút om it te keapjen. De oare wyks gean Gerrit en Antsje nei Sliedrecht om it skip te besjen. Hja gean kalm mei de trein nei Houten en dêr hellet Dirk harren fan it stasjon. Nei kofje dronken te hawwen ride hja nei Sliedrecht. Dirk hat neat te folle sein. It is in prachtich skip. It moat wol skjinmakke en ferve wurde mar dat is fan in lettere soarch. Dirk betinget derby dat it op de helling te sjen is en dat it behannelet wurdt. Dirk sil derop ta sjen dat it allegearre goed bart. Hy is ta beslút de makelder. Nei wat iten te hawwen yn in kafetaria bringt Dirk harren wer nei de trein. Om seis oere jûns binne sy wer yn Stienwyk. No is har grutste soarch, in lisplak foar harren skip. Antsje praat op syn minst oer 'ús skip' mar Gerrit wol dêr neat fan hearre. Hy seit, "It is dyn skip want do hast der it jild foar as dit skip ferkocht is." Dêr is Antsje it net mei iens. "Die ark komt op ús beider namme want dat is wat ik foar dy werom dwaan kin. Do hast it lok yn myn libben brocht en dat is mear wurdich as in heal skip." Gerrit wol earst Dirk syn miening hearre mar Antsje hâldt foet by stik want dêr hat Dirk neat mei te meitsjen. "Hy kriget syn part en de rest is fan my en dêr mei ik mei dwaan wat ik wol. Asto it dêr net mei iens binst dan dondersto mar op," seit Antsje laitsjend. Gerrit pakt har en triuwt har op it bêd, lûkt har de broek út en ferkrêftet har en hja fynt it hearlik. Letter op 'e jûn seit Gerrit, "Soe'sto wol yn Meppel wenje wolle? Dêr is in hiele moaie haven foar djoere boaten. Hja hawwe dêr twa lisplakken foar wenskippen. Ien foar goedkeape en ien foar djoere boaten. It is fansels net sein dat dêr in plak frij is en dat wy dêr dan foar yn oanmerking komme, mar freechje is frij." Dêr is Antsje it mei iens en dy wol wol nei Meppel. De dei dêrnei ride hja der hinne, parkeare de auto yn de buert fan de haven en kuierje lâns de skippen. Der lizze hiele moaie by en hja hawwe allegearre in túntsje derfoar. Yn ien fan de túntsjes is in man dwaande de strûken te snoeien. Hja meitsje in praatsje en prizigje syn moaie skip. Syn frou komt der ek by en al gau komme hja mei de fraach as der wol ris in plakje frij komt. De frou noeget harren út foar in kopke tee en ferteld harren oer it nije fersoargingshús dat der boud wurdt en dat de âlde frou út it lêste skip, dêr yn maaie hinne giet. Har man is ferstoarn en hja kin har net goed mear rêden. Lykas hja heard hawwe, is it skip ferkocht en giet earst nei It Fean om opknapt te wurden en dêrnei nei Grins. Mar as dat plak dan noch frij is, witten sy net. "Der meie hjir nammers allinne mar moaie boaten lizze," seit de man. Sy litte him in foto sjen fan harren boat en dat stelt har wol gerêst. "Je soene oan dy frou freegje kinne hoe't it der foar stiet en jo kinne altiten efkes nei de gemeente gean om ynljochtings. Net sketten is altyd mis."
Hja betankje de minsken foar de kofje en rinne lâns de kade nei it lêste wenskip yn de rige en binne it der oer iens dat dit it moaiste plak is. Frou Veenstra, lykas sy op it boardsje njonken de doar lêzen, docht iepen en wol harren graach te wurd stean en befêstiget dat hja yndie yn maaie hjir wei giet en har boat ek. Hja wit net as har soan dat al by de gemeente melden hat. Hja wol wol efkes skilje. It is yndie noch net melden mar hja meie wol freegje oer it lisplak. Dat besluten hja te dwaan en komme nei een skoftsje sykjen oan it goede loket. Hja wurde ta har fernuvering ek noch ûntfongen troch de amtner die't der oer giet. Hy wit yndie fan neat oer it fuortgean fan dy boat. Hy skillet efkes mei de wenningstichting as Frou Veenstra ynskreaun is foar it nije tehús en dat is indie it gefal. Der leit gjin oanfraach foar in lisplak en neidat hy sjoen hat om wat foar boat it giet wol hy har wol ynskriuwe.
Dat it sa meisitte soe hiene sy net ferwachte. Sagau it lisplak troch de famylje Veenstra opsein wurdt krije sy offisjeel berjocht, sa wurdt har tasein. Bliid as bern ride sy werom nei de haven om frou Veenstra op de hichte te stellen fan de situaasje en dy is bliid dat hja de muoite dêrfoar nimme. Sy ite wat yn 'e stêd en gean dêrnei ek noch efkes nei de skipswerf, wêr't Gerrit de foarige winter mei syn boat lein hat, om de famylje dêr op de hichte te bringen wêrom hy dizze winter net kommen is. Hy hie al skille mar wol dochs efkes mei dy minsken persoanlik prate. Sy witte alles fan him en fine it moai dat hy efkes lâns komt om Antsje foar te stellen en hy fertelt hoe it sa kaam is. Hja winsken harren in soad lok tegearre. Gerrit en Antsje ride opgelucht en foldien werom nei Stienwyk en binne it der oer iens dat as it lok dy talaket, alles meisit. As Antsje jûns mei Dirk bellet om him it goede nijs oer te bringen heart sy dat hy ek in keaper foar har skip hat. Hja wolle hjoed as moarn komme te sjen. Nei it jûnsiten krûpt sy lekker tsjin Gerrit oan op 'e bank en fielt har super gelokkich en feilich by him.
Haadstik 26
Begjin meert ferfarre Dirk en Evelien fanút Rotterdam en festigje harren yn Iesselmuiden. Gerrit en Antsje helpe wêr't hja kinne. De jongerein hawwe it hûs moai ynrjochtsje litten troch in meubelsaak út Kampen en nimme sa'n lyts bytsje mooglik mei sadat hja alles yn in lytse ferhúswein bergje kinne. Hja hoeche net op in pear sinten te sjen want it skip is ferkocht en wurdt begjin april oerdroegen. Gerrit en Antsje moatte dus earst in skoftsje yn de boat fan Gerrit wenje foardat hja nei Meppel ta kinne. Har wenskip wurdt yn Sliedrecht op 'e nij skildere en ynrjochte. Hja keapje alles nij. Antsje hat noch nea wat fan harsels hân, dit is dan ek har kâns. Ek bepaalt sy de kleuren foar de wenark. Donkerpears mei lila ôfsetten. Wol wat bot weage mar in goede kar neffens de skilder. Dirk hâldt taferjoch salang hy noch yn it westen wurket. Nei de ferhuzing wurdt it noarden syn wurkterrein. It wurdt wol efkes wennen, fan in grutte stêd nei in lyts doarp. Ek foar de bern. Freontsjes efter litte en nije meitsje. Achterôf blike hja dêr net soad muoite mei te hawwen. Hja genietsje allegearre fan de rêst op it plattelân en de freonlikens fan de minsken yn sa'n doarp. Elkenien groetet elkoar en dat wiene hja yn de stêd net wend. Mar sy passe har fluch oan en wurde al gau opnommen yn de mienskip.
Begjin maaie komt der offisjeel tastimming fan de gemeente Meppel dat it lisplak tolve maaie ynnommen wurde kin. Neidat Antsje ôfskie nommen hat fan de direkteur en syn frou en de mannen fan de fabryk, goaie hja de boat los en farre rjochting Skylge wêr't hja in wike by de dochters fan Gerrit fertoeve sille. Sy treffe moai waar en besjogge it hiele eilân. Dêrnei werom om harren plak yn de haven fan Meppel yn te nimmen. Earst mei de boat en as hja fernimme dat har wenskip klear is, reizigje hja ôf nei Sliedrecht. Sy sjogge har de eagen út as sy sjogge hoe moai dy boat wurden is. Antsje rekkenet ôf en sy beslúte om tegearre de boat nei Meppel te farren. Hja dogge der twa dagen oer en Antsje fielt har wer in echte skippersfrou. De boat fart prima en Gerrit hat as feint net folle te dwaan. Der wurdt in protte nei harren omsjoen, mar as sy yn Meppel oankomme en ôfmere, binne de minsken nochal ferskillend. De ien fynt it prachtich wylst in oar nochal wenne moat oan de nochal ôfwikende kleuren, mar as hja de boat fan binnen besjogge falle hja stil. In grutte keamer foarop mei rûnom sicht, in prachtige keuken en trije sliepkeamers. Efterop in garaazje foar de auto mei dêrûnder in wurkpleats en de motorromte. De stjoerhutte boppe de sliepkeamers en de badkeamer. Njonken de keuken de hal mei in wc, skildere yn prachtige kleuren. Elkenien is fol lof oer de boat, mar dat mei fansels ek wol foar twa en heale ton. De wike dêrop wurde hja oansletten op alle foarsjennings en dan binne sy ynwenners fan Meppel. No krije sy ek de Meppeler krante yn 'e bus en lêze dêryn oer de iepening fan it nije fersoarginghús, wêryn ek de apotheek, toskedokter, thússoarg, fysiotherapeuten en ek twa húsdokters nderbrocht binne. Der is noch plak foar in tredde, mar dat plak is noch net beset. Gerrit en Antsje beslúte om nei de iepen dei te gean want hja moatte op syk nei in dokter. Sy meitsje der kennis mei in jonge Surinaamske frou dy't har koart dêrfoar yn Meppel fêstige hat as dokter. Barbara Zuidewind, in hiele freonlike donkere frou en sy beslúte om harren as pasjint by har ynskriuwe te litten. Hja seit graach kennis meitsje te wollen om har pasjinten better kennen te leare en har medysk te testen. Dat fine sy bêst en meitsje fuort in ôfspraak dat Barbara in jûn lâns komme sil, dan wit hja fuortendaliks wêr't sy wenje. Sa bard it dat Barbara de oare jûns by har oer de rinbrêge komt en foar it earst op in wenskip komt, sa't sy seit. Hja stekt har bewûndering net ûnder stuollen as banken. Hja hie dochs in hiele oare foarstelling fan in wenarke. Dit is gjin wenskip mar in paleis. Dat falt fansels yn goede ierde by Gerrit en Antsje. Ûnder de kofje fertelt Antsje hoe't hja oan elkoar kommen binne en Barbara harket mei in soad oandacht en mei triennen yn de eagen. It ferhaal grypt har oan want sy hat sels ek al it ien en 't oare meimakke. Sy is troud west mei in dokter fan 't sikehûs yn Rotterdam, wêr't hja in oplieding folge. Dy dokter wie skieden en letter kaam sy der efter wêrom. Hy hold der gâns froulju op nei en doe't hja dat útfûn is sy ek fuort fan him skieden. Hy koe har lykwols net mei rêst litte. Hja hie gelokkich har oplieding omtrint dienmakke en kaam dêrnei fia in kennis hjir yn Meppel telâne en besiket no in praktyk op te bouwen. "En no folje jo fêst it tredde plak yn, yn dat sûnenssintrum," seit Gerrit. "Ja, dat soe'k graach wolle mar dan moat ik trijentweintichtûzen euro ynbringe en dy ha'k net en kin'k ek net liene, want ik ha neat," seit Barbara. "Ik kin krekt de hier fan myn húske betelje en ha yn in sliepkeamer myn praktyk. Dat sit der dan ek foarearst net yn." Neidat sy Gerrit en Antsje bleat keurd en besjoen hat, alles opskreaun hat en harren betanke hat foar de kofje, giet hja fuort. "Toch sûnde fan sa'n faam dat dy dêr net yn dat fersoargingshús, op it tredde lege plak komme kin, it liket my in goed dokterke," seit Antsje.
Haadstik 27
Dirk en Antsje hawwe no alle tiid fan de wrâld en sitte no alle dagen op 'e fyts om Oeriessel en Drinte te besjen. Hja wisten net hoe moai it dêr is. Dat sjochsto ek earst, asto rêstich troch de provinsje fytst. As sy jûns op it terras foarop de boat yn it sintsje sitte te genietsjen mei in wyntsje, beseffe hja hoe goed sy it tegearre hawwe. Sa ek dy jûn dat Barbara west is om in praatsje te meitsjen. Sy is in echte freondinne wurden en hja binne it deroer iens dat it in skat fan in frommeske is. "As wy har no ris holpen oan in plak yn dat sûnenssintrum. Dêrmei soe dat jild better bestege wêze as op 'e bank," neffens Gerrit. Antsje sjocht him ferrast oan en seit, "Dat is in geweldich idee, mar hoe moat dat dan?" Gerrit hat dêr wol wat gedachten oer. "As wy de apparatuer keapje dan kin Barbara it saneamd fan ús hiere. In soart hierkoop en dan wurdt it op den djoer har eigendom." Antsje bellet Barbara as sy de folgjende jûn noch efkes lâns komme kin foar in wyntsje. As sy mei har trijen oan dat wyntsje sitte, fertelt Gerrit wat se fan doel binne en as hja it dêrmei iens is. Barbara wit net wat se heart en stiet mei de mûle fol tosken. Sy fleant harren beide om 'e hâls. "Do moast it net sjen as chantage, wy bliuwe gewoan pasjint fan dy en freonen," seit Antsje. Alles wurdt regele en Barbara kriget har praktyk yn it sûnenssintrum. Sy kin it net litte om de Meppeler krante op de hichte te stellen sadat der in stikje yn de krante komt oer har freonen dy har oan de praktyk helpe. Dat hie fan Gerrit en Antsje net hoecht mar sy binne fansels wol fereard mei it artikel. Barbara noeget har klanten út om sjen te kommen en om wat promoasje te meitsjen, want hja kin noch wol wat klanten brûke. Dat komt nammers fansels goed want har twa kollega's sitte fol en dus komme hja fansels by har terjochte en dêr krije hja gjin spyt fan. Barbara kin hiel goed mei minsken omgean en hat noch alle geduld om te harkjen en dat fine de measte minsken moai. Dochs moatte guon minsken noch wenne oan har Surinaamske úterlik. As hja wilens har iepen dei, de minsken fertelt hoe't har dit mooglik makke is en troch wa, rinne tsjokke triennen oer har brúne wangen. Dan is foar de measten it iis brutsen en slúte hja har yn it herte. Sy set Gerrit en Antsje yn it sintsje troch te sizzen dat har âlden stoarn binne en dat dit har nije âlden binne, al hawwe hja net deselde kleur. En dy binne super grutsk op har brúne dochter.
De buorfrou fan Gerrit en Antsje is foarsitter fan in swimklub foar de âlderein en hellet harren oer om mei nei it swimmen te gean. Dêr hoecht sy net soad muoite foar te dwaan want hja wolle graach belutsen wurde by de mienskip. Hja gean twa moarnsskoften yn de wike mei te swimmen en sa leare sy wat mear minsken kennen. Ek beleit Antsje in gearkomste by har oan board foar de buorlju, ûnder it genietsjen fan in hapke en in drankje, lykas dat sa moai hyt. Ek makket hja fan de gelegenhied gebrûk om te fertellen oer har libben en hoe hja der hast oan ûndertroch gien is en hoe dizze man har út de ellende weilutsen hat en fan de drank ôf holpen hat. Sy kin nijsgjirrich fertelle, elkenien harket mei oandacht en as hja stil falt kriget sy applaus. Gerrit lit it mar oer him hinne komme en giet noch in kear mei de flesse rûn. In tal fan har buorlju geane omtrint op 'e knibbels de doar út. As hja op in jûn by de buorfrou op de kofje binne, begjint dy oer har twadde swimgroepke op woansdeitejûn. Dat groepke hyt 'Neat om 't lief' en hja begripe al gau dat dit in bleatswimklubke is. Annie wol har dêr ek wol lid fan meitsje, want hja kinne noch wol wat leden brûke. It swimbad ôfhiere is djoer. Hja nimt har net kwea-of dat sy der efkes oer neitinke moatte, mar in pear dagen letter jouwe sy harren op as lid. Sa gean sy op woansdeitejûn mei en gean foar de earste kear bleat it wetter yn. It is wol efkes wennen mar it fielt wol goed. Hja hoeche har net te skamjen, sy falle wier net op tusken al dy rimpele lichems. Kees is har badmeester dy, om net te folle op te fallen, ek yn syn bleate liif omstapt. It is wier in gesellichhiedsgroepke. As Barbara heart oer har bleat swimgroepke, liket har dat ek wol wat ta. Oerdeis hat sy gjin tiid om te swimmen mar jûns wol. Antsje riedt it har ôf. Hja seit, "Soe'sto dat no wol dwaan mei dyn eigen klanten bleat swimmen te gean?" Barbara sjocht der net soad kwea yn. "Ik lit myn pasjinten ek wol ris útklaaie en dêrom meie hja my ek wol bleat sjen." Sa bart it dat sy har op woansdeitejûn ek yn it waarme wetter sakje lit. Elkenien is ûnder de yndruk fan har prachtich brúne lichem dat as in brúnvis troch it wetter sjit. It lit de badmeester ek net alhiel ûnberoerd. Hja falt ek wol op, tusken de al wat âlderen, mei har njoggenen tweintich jier.
Antsje kriget gjin gelyk dat it net goed wêze soe foar har imago, krekt oarsom, har praktyk groeit as koal. Der wurdt in geweldige mûle op mûle reklame foar har makke, fanwege de manier fan omgong en oandacht dy't hja bestege oan de minsken. Ek komt der fansels wat lok by te sjen. In dokter moat ek wol ris gokke as hja der net goed efter komme kin wat de pasjint mankeert. En as sy dan goed gokt wurdt dat al gau sjoen as fakmanskip en dat fertelt lekker troch.
Haadstik 28
De famylje Vos befalt it prima yn IJsselmuiden. Mientje hat in moaie pony yn't lân te rinnen en Dick hat syn sylboat. Yn syn frije tiid is hy faak by de seilskoalle te finen oan de Iessel. Hy wol graach les jaan en begjint mei de lytskes. It is in rêstige fint en dat komt goed út by dy lytse droktemakkers. Hy docht dat tegearre mei in moai famke út Kampen en al gau giet it net mear allinne om it lesjaan mar binne hja de hieltyd faker tegearre yn de boat op de Iessel. Yn Meppel komme hja net faak mear en och, Gerrit en Antsje begripe dat wol. De jongerein hat it fiersten te drok. Dirk en Evelien komme wol geregeldwei lâns om efkes by te praten. It falt Evelien op dat der noch gjin namme betocht is foar har skip. Sy seit "As jimme in namme betinke dan soargen wy foar in moai boardsje." Antsje wit wol in namme 'GerGeAn'. Ried mar hoe't ik dêr oan kom. "No, dat is net sa slim, Gerrit, Gea en Antje," seit Gerrit en sa wurdt it skip in wike letter doopt troch Evelien neidat Dirk it boardsje oanbrocht hat.
It is harren opfallen dat Barbara nochal ris efterbliuwt nei it swimmen op woansdeitejûn. Kees, de badmeester, is yn de ban rekke fan de Surinaamske dokter en makket har dat ek dúdlik. Sy sjocht ek wol wat yn him en hy is mei syn twaëntrytich jier likernôch fan deselde leeftyd as Barbara. Hy is in moaie jongkeardel mei in atletisch figuer en Barbara is dan ek net de iennige gegadigde.
"Hasto net in neitsje foar ús," freget Gerrit as Barbara wer in jûn oer de flier komt. "Wat soe ik foar neis ha moatte?" seit sy. "No, wy binne net blyn," seit Antsje, "Sis it no mar. Do hoecht neat foar dyn âlden te ferswijen." Dan jout hja laitsjend ta dat der wol wat loos is tusken har en Kees. Neffens Gerrit kinne dêr moaie bûnte bern fan komme. Hja springt him op 'e nekke en driget him te fermoardzjen. "Moaie dokter bisto om dyn klanten om te bringen," seit Gerrit as hy wer út har greep is. "Nim Kees marris mei," seit Antsje, "dan kinne wy neier mei him yn 'kunde komme.
En sa bart it dat hja tenei tegearre komme en sa no en dan in dei mei geane te farre yn de boat fan Gerrit, en dat binne hiel gesellige dagen. Kees hat in grut hûs en nei in jier ferkearing giet Barbara by him yn wenjen. Hy hie dat wol earder wollen mar sy is wat hoeden wurden troch har ûnderfining yn 't ferline. It is in geweldich stel. It komt wol goed mei dy twa. It libben giet syn gonkje en alles giet lykas it gean moat. Gerrit en Antsje binne twa simmers mei fakânsje op 'e boat troch België, Frankryk en Dútslân fearn. De buorfrou past op 't spul yn Meppel. It binne moaie wiken, mear hoeche hja ek net, mar binne dochs altiten bliid yn Meppel werom te kommen. East, west, thús is dochs altyd it bêst.
Kees en Barbara binne troud en it earste flekte berntsje tsjinnet him oan, sa't Kees dat sa moai seit. Neidat sy in jûn by Gerrit en Antsje west hawwe en dy twa, neidat Kees en Barbara fuort binne, dêrnei noch in eintsje om rinne, seit Antsje ynienen, wylst hja him yn de earm knypt, "Ik bin super gelokkich mei dy mar dochs mist der noch wat oan." "Een berntsje seker," seit Gerrit. "Ach nee gek, ik woe wol graach mei dy troud wêze," seit Antsje. Gerrit bliuwt stean en slacht syn earms om har hinne en seit "Wêrom komsto dêr no earst mei. Ik siet hjir al jierren op te wachtsjen." Hja stean midden op de strjitte te tútsjen en it is mar goed dat it tsjuster is. As hja letter wer thús binne seit Gerrit, "Ik wit wol immen dy dat wol dwaan wol. It is in bekende sjongeres dy't yn East-Grinslân wennet en wol faker bysûndere houliken slút. En dit is wol in bysûnder houlik, in breid fan 67 en in brêgeman fan 78." Hja sykje it telefoannûmer op en de oare deis bellet Antsje mei Mary en fertelt har har foarnimmen. As dy heart wat foar ferhaal der efter sit, seit hja ta om lâns te kommen. Sy giet dochs faak fia Meppel nei it westen. Woansdeitemiddei dan mar, as it goed is. Dan moat sy dochs foar opnamen nei Aalsmeer, foar de Tros. Dat komt dan moai út. Hja skriuwt it adres op en de namme fan de boat wêrnei Antsje in lyts dûnske makket. "No giesto de boat yn, jonge. Der is gjin ûntkommen mear oan. Do bist aanst hielendal fan my." Gerrit docht krekt as hy it ôfgryslik fynt en seit, "Sa lang ik noch net tekene ha, bin ik noch frij man." Hy moat der nammers net oan tinke om wer swerve te moatten. Mary komt lâns en prizigt harren boat de himel yn. As Antsje dêrnei it hiele ferhaal ferteld en Mary oantekeningen makket, springe har sa no en dan de triennen yn de eagen. Antsje kin it ek sa moai spannend fertellen. Sy belooft der in moaie taspraak fan te meitsjen. Der wurdt in datum pript en Gerrit en Antsje gean yn ûndertrou. Dan giet Antsje op syk nei in moaie jurk. Hja hat noch nea sa sterk earne nei útsjoen as nei de troudatum. It is krekt as hja bang is dat it dochs noch oergean sil. Gerrit stelt har gerêst en seit har benammen gjin soargen te meitsjen, want hy rint wier net fuort.
Einlings is it dan safier. De hiele famylje reiziget ôf nei East-Grinslân. Kees en Barbara gean ek mei. In bern moat dochs by de troudei fan har âlden wêze? It wurdt in prachtige plechtichhied. Mary hat der in hiel inkringjend ferhaal fan makke en der wurdt mannich trien fuortpinkt. Gerrit syn dochters wiene ontroerd troch de foto fan Gea, dy't opsteld stie. Antsje hie der op stien dat Gea der by wêze soe. Hja woe dat Gerrit har altyd yn syn tinzen hâlde soe. Deawurch kamen hja jûns wer yn Meppel werom en wiene bliid dat it mar gebeurd wie. Der wie in moaie fideo fan makke sadat hja it nochris rêstich werom sjen koene. Letter noegen hja alle buorlju út foar in feestje en lieten hja grutsk de fideofilm sjen op in grut skerm. Al mei al it toppunt fan lok fan Antsje, no hja har frou Blok neame mocht.
Haadstik 29
Fjouwer moanne dêrnei is Barbara útteld en wol thús befalle. Mei in goede baakster derby kin der neat mis gean en der is sawiesa in dokter by oanwêzig. Barbara stiet derop dat Gerrit en Antsje der ek by wêze sille. "Fynst dat net frjemd," seit Antsje "Frjemde minsken by dyn bevalling?" "Hoe sa frjemden, jimme nimme dochs it plak fan myn âlden yn? En dy fan Kees want dy hat gjin omgong mear mei syn âlden," seit Barbara.
Barbara bliuwt salang mooglik trochwurkjen, mar as it hast safier is regelet hja in Ynfaller. Woansdeitejûn swimt hja noch bleat mei de club en dêr bewûnderd elkenien har tsjokke búk. Tongersdeitemiddei bellet hja dat it bern der hast út wol. Gerrit en Antsje gean der fuort hinne en noch gjin heal oere letter is it safier. It is in moaie befalling want Barbara parsket it bern sûnder in soad muoite nei bûten. It is dochs krekt as dy minsken wat dichter by de natoer steane dan blanke minsken. In prachtich lochtbrún famke is it risseltaat. Echt in healbloedsje. "Wy wolle it Anja neame," seit Barbara, "dochs in bytsje nei dy." Antsje lit har triennen rinne en ek Gerrit rint in trien oer de wange. "Ha wy dochs in bytsje in berntsje," seit hy.
It is ûnfoarstelber hoefolle kaartsjes der yn de praktyk fan Barbara binnenkomme en ek by it swimbad wurdt Kees net ferjitten. In moanne letter nimt Barbara har bern mei nei it bad op woansdeitejûn en lit de lytse Anja ek efkes swimme. Kees makket in soad moaie foto's. As Barbara wer mei har wurk begjint, meie Gerrit en Antsje faak oppasse en dat dogge sy mei in soad wille. Grutsk rinne hja efter de bernewein, dy't hja foar it jonge pear kocht hawwe, troch de stêd. As de minsken yn de wein sjogge moatte hja wol ris wat útlizze. De lytse Anja wurdt algau in moai famke en Kees en Barbara sitte net stil, want as it famke ien jier is ferwachte Barbara har twadde berntsje. Hja hoopje fansels op in jonge mar hja wolle it fan te foaren net witte. Gjin echo dus. Mar der wurdt oan har winsk foldyn. De twadde is in jonge, krekt sa moai as syn suske en sy neame him Gerrie. "Dit is te folle eare." seit Gerrit. Mar hy fynt it fansels prachtich. Hja kinne harren lok net op. It is eins te moai om wier te wêzen.
It is in ekstream wiete maitiid en de wenskippen lizze heech boppe de kade. Dat fernimme hja yn Iesselmuiden ek. De greide wêr't Mientje har hynder heart te rinnen stiet omtrint ûnder wetter en it hynder moat dan ek op stâl bliuwe. Dick hat by de seilskoalle, wêr't hy yn syn frije tiid learaar is, in nijsgjirrich famke moete. Sy binne tegearre geregeld yn Meppel te finen en neidat hy it lyts faarbewiis helle hat, geane hja wol ris in middei mei Gerrit syn boat fuort te farren. Dat is makliker dan mei syn sylboat, want dan is it hurd wurkjen yn plak fan lekker te ûntspanne. Dêrom sjochst ek faak jonge minsken yn sylboaten en yn in moterboat de wat âldere minsken. Dick en Ria binne dan ek it leafst mei de sylboat op de Iessel lykas dy snein yn maaie. Evelien hie warskôge foar de stream dy't kaam troch de hege wetterstân, mar de jongerein seag der gjin gefaar yn. Hja binne goede silers en kinne allebeide swimme as wetterrotten. Dat it wat let waard dy middei, wekke yn huize Vos ek gjin ûngerêstens op. Dick en Ria giene wol ris faker nei Ria har âlden yn Wilsum. Dat leit ek oan de Iessel mar wol streamopwerts. Jûns tsjin achten wol Evelien dochs wol ris witten wêr't it jongfolk úthinget en bellet Dick syn mobyl nûmer, mar kriget gjin gehoor. Dat is frjemd en dus mar efkes nei Ria har âlden skilje. Dêr wisten hja fan neat, nee, hja wiene dêr ek net west. Dan slacht de panyk ta. Dirk is altyd de rêst sels mar wurdt no dochs wol wat senuweftich. Hy skillet de plysje en freget as der faaks wat bekend is oer in ûngemak mei in sylboat op de Iessel wêrnei't sy him fertelle dat der in ûndersyk starten wurdt. Want mei sa'n sterke streaming is in ûngefâl net út te slúten. Sagau der wat bekend is, wurde hja op de hichte brocht. Benaude oeren folgje. De hiele nacht binne hja yn de war en hearre de oprop op de radio. De oare moarns om njoggen oere kaam der in telefoantsje fan de plysje. Der is in ûmsleine sylboat fûn by de Ketelbrêge mei de namme 'RIA'. Der is gjin twifel mooglik, it is Dick syn boat, mar fan de beide minsken gjin spoar. Evelien bellet nei Meppel om Gerrit en Antsje op de hichte te bringen, foardat hja it fia de radio hearre sille. Dy geane fuort nei Iesselmuiden om harren te stypjen, mar hja kinne neat oars dwaan dan ôfwachtsje. Gerrit tinkt oan syn eigen soan en wat hja doe meimakke hawwe. Dagen geane foarby yn in grutte ûngewissens. Ria har âlden binne mear yn Iesselmuiden dan thús. Hja gean derfan út dat Dick en Ria omkaam binne, mar salang hja net fûn binne is der neat wis. Der wurdt socht op it Ketelmar en dat blykt in goede kar want nei fiif dagen wurde de lichems by de Kamperhoeke fûn, tichteby it plak wêr't de boat ek lei. Yn it útfeartsintrum yn Kampen wurde sy opbaard en de oare wyks woansdei yn Wilsum en yn Kampen begroeven. Wol op ferskillende tiden, sadat de familjes by beide begreffenissen oanwêzich wêze kin.
Dêrnei begjint de rouferwurking. Foar Evelien is dat in grut selsferwyt. "Ik hie har tsjinhâlde moatten," seit hja. It falt net mei om har fan dy gedachten ôf te bringen. Hoe kinsto twa folwoeksen minsken tsjin hâlde fan wat har grutste hobby wie. It sil hiel lang duorre foardat hja har dêrby delleit. De tiid heelt alle wûnen, ek dizze.
Haadstik 30
It begjint Antsje op te fallen dat Gerrit de hieltyd minder úthâldingsvermogen kriget, mar ja wat wolle jo, hy is omtrint tachtich. It is yn de tiid dat de elektrische fytsen yn 'e hannel komme en hja beslúte om sa'n Sparta oan te túgjen. Tjsonge, dat is in útkomst. Sûnder de minste muoite tsjin 'e wyn yn fytse en tsjin de heechste fiadukten op. Dochs giet it net goed. Gerrit lit net sa gau de kop hingje, mar Antsje praat der dochs ris mei Barbara oer en dy wol him wol ûndersykje. At sy syn longen beharket hat, sjocht hja betinklik en ried harren oan om ris efkes nei it sikehûs te gean. Sy makket in ôfspraak mei in longdokter en der wurde foto's makke. In pear dagen neitiid komt Barbara lâns en freget of hy ea mei asbest yn oanrekking west hat. As Gerrit dêr oer neitinkt dan wit hy wol dat yn de kranen by de haven wol asbest siet, mar dat is salang lyn. Neffens Barbara kin dat nei jierren noch yn de longen oanwêzich wêze. Der is wat op de foto's te sjen wat dêr op liket en der sil mear ûndersyk folgje. Antsje is hielendal fan de kaart om't dy gelyk oan longkanker tinkt. Gerrit besiket har gerêst te stellen, hy fielt him ommers hielendal net siik. Earst it ûndersyk mar ris ôfwachtsje.
Antsje har foargefoel blike wier te wêzen. Ûndersyk wiist út dat it longkanker is, wat wierskynlik te wyten is oan it inasemjen fan asbestdieltsjes. Gerrit is in nochter man en freget de dokter wat him te wachtsjen stiet. Ik wol graach in earlik antwurd, wêrnei de dokter him útleit hoe't it derfoar stiet en dat hy oppereard wurde kin. Omreden beide longen oantaaste binne is der mar in lyts bytsje kâns op genêzing en mei dy wittenskip sjocht Gerrit ôf fan behanneling. Hy seit, "wy sjogge wol wêr't it skip strânet, as it mar gjin lijenswei wurdt." Antsje is ûntreastber want dy sjocht harsels wer allinne efterbliuwen en dat wol sy nea wer meimeitsje. Ek Barbara kin har wier net treaste, want hoewol Gerrit him noch goed fielt, wit hja wat foar in slúpmoardner longkanker is. Asto wat fielst dan is it faaks al fiersten te let en dat seit hja ek earlik, "Jimme moatte der noch it bêste fan sjen te meitsjen. It is net te sizze hoelang ast noch hast. Op âldere leeftyd giet it mearstal net sa hiel fluch".
Barbara stiet harren by wêr't hja kin en nei in pear moanne liket Antsje harsels wer in bytsje ûnder kontrôle te hawwen oant hja op in moarn wekker wurdt en nei it húske moat. Mar hoe't hja ek besiket om oerein te kommen, sy kin it net. Sy makket Gerrit wekker en dy heart fuort dat it mei har spraak net goed is. Har mûle stiet skeef en hja kin omtrint net rinne. As hja wer op bêd leit, bellet hy alarmnûmer 112 en fertelt wat der geande is. Hja moat fuort nei it sikehûs want it is wierskynlik in harsenblieding. Tsien minuten letter stiet de ambulânse al foar de doar en noch in kertier letter leit Antsje yn it sikehûs. As Gerrit wer thús is skillet hy Barbara en fertelt har wat der geande is. "Wat hasto dien?" freget sy. "It alarmnûmer 112 belle en no leit sy al yn it sikehús," seit Gerrit. "Dat hasto goed dien want as it in harsenblieding is moat der sa fluch mooglik ingrypt wurde, dan kin de skea miskien noch beheind bliuwe. As it in infarkt is dan is it in oar ferhaal, mar dat sjogge wy jûn wol as wy op besite geane," seit Barbara.
As hja jûns by har komme, sjocht Barbara fuort dat it tafalt hoewol Antsje noch net goed prate kin en har earm in bytsje lam is. Mar neffens de dokter komt dat wol wer by. Alle dagen giet Gerrit nei har ta en sjocht stadich ferbettering, mar oft it wol hielendal wer goed komt is noch mar de fraach. Omtrint twa wiken letter is hja wer thús en mei de fysiotherapeut besykje har wer op de fuotten te krijen. Dat slagget mar foar in part want hja hâldt ferlammingsferskynsels. Gerrit fersoarget har bêst genoch mar sy frege har ôf hoe't it moat as Gerrit der net mear is. Barbara besiket harren sa soad mooglik gerêst te stellen. As it safier komt datsto dysels net mear rêde kinst dan is der altyd wol in plakje yn it fersoargingshús. Antsje moat der net oan tinke en seit troch har triennen, "Dat nea, dan gean ik leaver dea. As Gerrit der net mear is wol ik hjir ek net mear wêze. Kinsto my dan net helpe?" "Ho, ho," seit Barbara, "Do wolst dochs net dat ik dy fermoardzje. Ik bin in dokter en dy besiket altiten om minsken yn libben te hâlden en better te meitsjen." As Barbara fuortgien is komt Antsje der op werom en freget hoe't Gerrit dêr oer tinkt. Hy kin har wol begripe. Hy soe ek net allinne bliuwe wolle en is sels alris fan doel west in ein oan syn libben te meitsjen. Barbara soe faaks foar middels soargje kinne om op in humane wize út it libben wei te stappen. Hja moatte der noch mar ris mei har oer prate. Mar Barbara lit omtrint twa wiken neat fan har hearre. Dan skillet Antsje har op en smeket har om ris wer lâns te kommen. As hja dat net wol, sille sy it ûnderwerp net wer oansnije. Barbara komt ris wer lâns en hoewol net fan herten, lit hja dochs witten deroer neitocht te hawwen. Hja lit harren net yn de steek en hat der mei har kollega's oer praten want jo moatte foar soks altiten mei twa man wêze. Hja riedt harren oan om lid te wurden fan de frijwillige euthanasie feriening. Dy witte krekt wat harren te dwaan stiet. Nei in pear dagen hawwe sy de papieren yn 'e hûs wêryn stiet hoe't it yn syn wurk gean sil en wat hja dwaan moatte. Barbara seit ta om harren te helpen en te soargen foar middels. Ien ding stiet fêst, hja moatte harsels rêde. Sy seit, "Ik kin ûnmooglik myn goeddoggers ombringe. Dat kinne jim net fan my ferlange."
Hja wol gjin ferantwurdelikens nimme. It is al in hiele gerêststelling foar Antsje en Gerrit, te witten dat sy help krije as it safier is en hja it no sels yn 'e hân hawwe.
Der moat fan alles regele wurde want sy wolle, as it safier is, alles oant yn de lêste puntsjes fersoarge hawwe. Sa geane sy nei Harns om der noch in grêf by de keapjen. Dat kin en ek wolle hja witte as sy ek tegearre yn ien grêf begroeven wurde kinne. Dêr krije sy net fuortendaliks antwurd op want dat is gjin alledaagse fraach. Ek meitsjen hja alle papieren yn oarder en regelje sy in schinking foar Barbara sadat dy eigner wurdt fan har praktyk. As alles by de notaris fêstlein is, sy berjocht út Harns wei hawwe dat de grêfrjochten goed regele binne en hja tastimming foar in dûbeld grêf krigen hawwe, gean hja tegearre noch in middei nei it tsjerkhôf yn Harns. As hja lâns de grêven fan Gerrit syn âlden en syn soan geane, stean hja stil by it grêf fan Gea wêrnei Antsje seit, "Ik hoopje hjir tegearre mei ús man werom te kommen. De man dy't ús beide safolle lok brocht hat. Mei dy man wol ik ek, tegearre mei dy, de dea partsje." Yn triennen ferlitte sy it tsjerkhôf om dêrnei efkes nei Jacob en Annie te gean. Dy binne bliid om harren te sjen, want dy fiele njonkenlytsen ek hoe't it is om âlder te wurden, as de sûnens jo yn de steek lit. Hja hawwe grutte bewûndering foar harren moed, as sy hearre dat Gerrit en Antsje tegearre út it libben wei stappe wolle as't net mear giet. Hja kinne it wol begripe. "Ik haw dy lijen sjoen doe't sto Gea ferlearst, "seit Annie, "en do memmesiel allinne efterbleaudest. Mar der is wol moed foar nedich en goede begelieding." "Dat sit wol goed, "seit Gerrit, "wy hawwe in skat fan in freondinne, in dokter, en dat is ús stipe en taferlit.
Haadstik 31
Noch in kear farre hja mei de boat nei Skylge om in pear dagen by Gerrit syn dochters te wêzen. It wurdt al mei al in wike want de fammen besykje har sa lang mooglik by harren te hâlden. Sy sjogge wol dat Gerrit tebek giet en mei Antsje giet it ek net goed. Der wurdt noch fan alles besprutsen want it is faaks wol de lêste kear dat Gerrit en Antsje by har binne. It wurdt in drôvich ôfskie, al hawwe hja ek wol bewûndering foar sa'n beslút. De weromfeart duorret wat langer dan de hinnereize om't hja beslúten om it Iselmar noch in kear om te farren. It is moai rêstich waar en Gerrit en Antsje genietsje mei folle swolgen fan wat faaks har lêste kear is om tegearre mei de boat, om te farren. As hja nei tweintich dagen wer werom yn Meppel komme en jûns tegearre op 'e bank sitte, komt Gerrit op in bysûnder idee. Hy seit, "Wat soe'sto derfan tinke om ús, op ús lêste reis, mei de boat nei Harns te bringe te litten. Dirk kin wol farre ek al hat hy gjin farbewiis." Hja lizze it útstel oan Dirk en Evelien foar as dy de snein op besite komme en dy sjogge it wol sitten, hoewol hja wol oan it idee wenne moatte. Dêr hoopje hja de tiid noch efkes foar te hawwen. Gerrit lit de útfeartûndernimmer delkomme om it mei har te bepraten. Dy frou hat gjin beswier. Sy sil soargje dat de auto's yn Harns klearstean as de boat dêr oankomt. It is de earste kear dat hja soks besprekt mei de belutsenen sels yn plak fan mei de neibesteanden. Mar ja, alles kin tsjintwurdich. Hja winsket har noch goede lêste dagen ta en seit ta om alles oant yn de puntsjes fersoargje te sillen as it safier is. En dat koe wol ris net sa lang mear duorje want de sûnens fan Gerrit giet no fluch efterút. Hy kriget it de hieltyd benauwder en Barbara bringt in soerstofflesse om him noch wat loft te jaan. Sy libje tegearre bewust nei de dei ta dat har lêste wêze sil. Barbara hat soarge dat hja de medisinen yn hûs hawwe en hat de wurking dêrfan útlein. Nei ynname sille sy yn sliep falle en net wer wekker wurde. Alles ha sy regele, ôfskiebrieven skreaun, advertinsje opsteld en de tekst foar op de grêfstien opskreaun. Dan beslúte hja dat it genôch west is. Sneins binne Dirk en Evelien en pake- en beppesizzer west en hawwe hiel emotioneel ôfskie nommen. Hja wisten dat it de lêste kear wie, it koe net langer sa. Tiisdei is Barbara oant de jûn by harren west en neidat dy fuortgien wie, giene hja foar 't lêst tegearre ûnder de brûs en wosken elkoar, lutsen doe har bêste klean oan en dronken noch in wyntsje tegearre. Gerrit toetste Barbara har telefoannûmer yn en liet him twa kear oergean, lykas ôfpraat en lei deo del. Dan neame sy it sliepmiddel yn wat har ivich yn sliep bringe sil en gean rêstich op bêd yn elkoars earms die sliep ôfwachtsjen.
Alve oere jûns giet Barbara tegearre mei in kollega nei de boat en sjocht dat it gien is lykas foarsein. Gerrit en Antsje wiene rêstich yn sliep fallen en leine no dea op it bêd sabeare hja sa wer wekker wurde koene. Hja hawwe ôfskie fan it libben nommen lykas hja tegearre besletten hiene, en it wie goed sa.
De lichems wurde mei in boat nei Harns ferfierd en wurde dêr ûnder grutte belangstelling begroeven, tegearre yn ien grêf, by de famylje fan Gerrit. Nei in wike wurdt it grêf ôfdekt troch in plaat mei de tekst dy't troch harren sels opsteld is:
Hjir
rêste Gerrit Blok en Antsje Rozema.
Sy
wikselje, nei lokkige jierren tegearre,
it
tydlike foar it ieuwige
op
in troch harren sels útkeazen tiid.