Eeach
om each (Jus
talionis)
Werom nei Ferhalen
Werom nei it Frysk
Home
Jus talionis (troch Pake Bjuster)
It koarte ferhaal ‘Jus talionis’ (each om each) hjirûnder, is spesjaal foar de ‘Rely’ skreaun troch Pake Bjuster,
in pseudoniem fan Piet Bult út Nijberkeap.
CV pb:
- Oant likernôch 1980 in protte yn ’t Frysk skreaun foar in ferskaet oan doarpskrântsjes,
passenielsblêden e.s.f.
- It mear wat literaireftige wurk, faeks yn in oparbeidzjen mei Lykele Jansma (It Alternatief) fan
Bûtenpost makke, mar sa goed as nea gjin eigen wurk - bûten die blêdzjeboel om - publiseard. Om
die tied hinne ferfean út Bûtenpost wei, en mei fanwegens de nije fryske stavering doedestieds, nea
wer een wurd yn it Frysk skreaun.
- Sûnt 2001 de skriuwerij tried wer wat oppakt mar no it mearst yn it Stellingwarfsk. Nei de
begjinners- en in ferfolgkursus ek oan in kursus spannende ferhaelen skriuwe meidien.
- Yn 2003 - nei wat fingeroefenings - in begjin makke mei it oersetten fan de Bibel út it Nederlânsk
wei yn it Stellingwarfsk (dy ’t eins yn 2009 yn in printe foarm útkomme moat).
- Sûnt 2005 alle moannen mei in gedicht op ‘e lokale radio in de beide Stellingwerven.
- Op ‘e fryske skriuwerskalinder fan 2006 is et gedicht ‘Lieve Rita’ opnaem.
- Fanôf begjin 2006 haedredakteur fan - en skriuwer yn - it internetblêd ‘An de liende’ fan de stifting
Stellingwerfs Eigen. Dit blêd ferskient alle moannen yn in ‘oplage’ fan om en de by 700 e-mail-
abonnees en der wurd yn it Nederlânsk, Frysk en Stellingwarfsk yn skreaun. Somtieden ek noch
wolris yn in oar plât dialekt.
Piet Bult
Nijeberkoop
*
Eeach om each
(Jus talionis)
Nei’t ik trije keer lang op ‘e belle drukt hie
seach ik yn it
skimerljocht fan de strjitlantearne, boppe úteinlik een
rút iepengean.
“Wat moast do hjir” rôp Suzanne my snausk
ta, “‘k Wol dy nea wêr sjen. Dat wist
dochs!”
“Eamelje net famke, wy hiene dochs
ôfpraten” rôp ik wêrom.
“Doch no mar iepen.”
Op datselde stuit en mei in reauntsjend “Kom der mar yn
leave” swaaide
de swiere foardoar fan it steatlike grêftehûs foar
my iepen.
“Kom, jou my dyn jas. Gean sitten. Wolst wat
drinke?” Sûnder myn
antwurd ôf te wachtsjen geat har mem my myn leavelingsdrankje
yn, sette
it foar my op ‘e salontafel del en naam sels ek in
glês. In tredde glês
sette sy noch leechlittend ek op ‘e tafel.
As in wjerljocht kaam Suzanne de treppen del fleanend de keamer yn, en
mei in “Ik gean nei Karin, doei” nei de gong ta der
ek wer út. Mei in
hurde klap fan ‘e doar liet sy har mem en my tegearre
ferbjustere efter.
“Wat hat sy no?” frege ik yn al myn
ûnskuld.
“Sy wol der net oer prate, mar sûnt in stikmannich
wiken is sy samar
hiel oars as oars. Ik wit net wat it is. Sil ’k dy nochris
byskinke?”
Op ‘e nei waarden de glêzen fol getten en stuts mem
ek noch in pear kerskes oan,
“Fielst dy beroerd, jonge” sei sy, en kaam njonken
my op ‘e bank te
sitten. Sy lange my myn glês oer en lei derby har
hân op myn knibbel.
Hoe leger de glêzen rekken nammerste fierder skode har
hân hoeden nei
boppe ta.
“Sil ík dy fan ‘e jûn ris in
bytsje ferwenne?” frege sy, wylst har hân hiel
raffinearre myn riem súver al losmakke.
Sy kaam oerein, krige de beide glêzen en de noch healfolle
flesse en
rûn utdaagjend foar my út de treppen op. Hast as
fansels rûn ik har
slaafsk efternei. Nei’t sy ús glêzen op
‘e nij fol dien hie fiske sy in
lytse swipe út in laadsje fan har nachtkastke en
begûn leaf oan my om
te fimeljen. Yn ‘e rûs fan in miks fan in
snúfke en de drank liet ik
har willich har gong gean. De koarte mar stevige tikken op myn billen
diene winlik bêst wol sear, mar ik fûn it eins ek
wat noflik.
“Kom, gean lekker lizzen leave” sei sy. Mei in plof
liet ik my foaroer
op it bêd falle. Sy bliuw my noch in skoftke wat aaikjen mar
de tikjes
fan har swipe wurden hoe langer hoe hurder. Ik fernaam net iens
dât sy
yn it laatsje fan it nachtkastke nei noch mear ark socht. Sy
begûn no
dochs wol hiel hurd te slaan, fûn ik. It die wier hartstikke
sear!
Yn in omsjoch draaide ik my om, om har… Mar ynienen seach ik
yn de
fjoerspuiende eagen fan in memmebist dat har jong beskerme. Yn har
rjochterhân hie sy in blinkerjend mânsk
slachtersmês.
“Hjir, pak oan” rôp sy. Ik fielde in
ferskrikkelike pine yn myn rjochter boarst.
“Hjir, noch ien, noch ien en nóch
ien…”
Ik raasde it út mar sûnder lûd. Ik
rûkte myn eigen switterige bloed dat
him ûnderwyls mei har trienen minge. As in wylde bolle bliuw
sy mar op
my ynstekken mei dat grutte mes. It bêd kleurde read en it
wurde my
stadichoan swart foar de eagen. Yn it lêste ljocht seach ik
Suzanne
noch krekt de sliepkeamer ynkommen.
“Kom der mar yn, famke hear. Ek dizze nûmer trije
fan dat rapalje sil it nea wer dwaan…”
© Piet/er Bult, 24-04-2007