Fryske skriuwerij
Thússide

- Ferhalen
- Gedichten
- Limmerikken
Piet/er Bult (1946 - ), doedestiids wenjend yn Neiberkeap (NL/Frl), hat
him fan likernôch it jier 2000 oant - sis mar - it lêst fan 2012,
merakels ynsetten
foar de
Stellingwarfske taal. It Stellingwarfsk is in dialekt fan it
Nedersaksisch dat yn lykwols hiel East-Nederlân dageliks noch in soort brûkt
wurd. Hy
bliek, krekt as earder syn âldere broer Oene (30-08-1928 - 16-12-2002),
liekwols gjin ‘meirinner’ die
't oan 'e hân fan it ‘Stellingwarfske Taalynstituut’ mei dwaan woe, mar
bliek himsels ek hiel aardich rêde te kinnen. Tegearre mei Frank
de Vries, doe van Blesdieke, hat Piet/er ûnder de flagge fan de foar
dat
doel troch harren oprjuchte Stifting Stellingwarfs Eigen, op in
revolusjonêre
wize en yn in hiele koarte tiid de komplete ‘Biebel in et
Stellingwarfs’ oersetten. Dêrnjonken hat
hy in grut ferskaat fan oare âlde wurken oersetten, û.o. Die
Winterreise fan Wilhelm Müller, de Marialeginde Beatrijs en Allinnich op 'e wrâld fan
Hector Malot. Troch syn wrâldwide kennissenkring wie Piet/er hjir en
dêr in
graach sjoene en hearde gast(sprekker).
Fan syn gedichten, koarte ferhalen en in ferskaat oan oar wurk, hat der
û.o. yn 2006 wurk fan him
oan de 75-jierriche Ofslútdyk ston, binne der ferhalen publiseerd yn
ferskillende sammelbondels, is hy in pear kear nominearre west foar de
Sulveren Twicht en koe men syn wurk tsjinkomme yn in
ferskaat oan
kranten en tiidskriften. Tegearre mei Henk de Vries fan Noardwâlde hat
Piet/er jierrenlang radioprogramma's yn en oer it Stellingwarfsk makke,
foaral foar Radio West-Stellingwerf Centraal, yn Noardwâlde.
Eintsjebeslút kamen jo
Piet/er syn skriuwerij geregeld tsjin yn de ynstjûrde stikken en
gastrebrieken
fan foaral de Ljouwerter Krante, mar wurke hy ek wol mei oan it
lânelike
Locomotie, it ûnôfhinkelike blêd fan it wittenskippelike buro fan
de
OSF (Onafhankelijke Staten Fractie). Foar it lânnelik bûnsblêd fan de
NJBB
(Nederlânske Jeu-de-Boules Bûn) hat Piet/er in tal jierren redaksje
meiwurker west. In droktemakker foar 't wa (krekt
as
syn broer Oene) de Stellingwarven eins wat te krap en te
beheind
oanfielden.
Sûnd in twadde skieding (dec 2013) en in pear kear in swiere hertoanfal
yn 2014 en 2015 wennet Piet/er hjoed de dei foar fêst yn it departemint
de Vienne (86), regio Nouvelle Aquitaine yn Súdwest-Frankriek.