Weriepening Tresoar (2010)
Terug naar Artikelen
Wêrom nei Artikels
Weeromme naor Artikelen
Home
Weriepening Tresoar (19,20 en 21 maart 2010)
Even voorstellen, Piet Bult
Piet Bult is hikke en tein yn de Stellingwarven. Hy komt
oarspronklikens út Donkerbroek en wennet no alwer mear as sântjin jier
yn Nijberkeap.
Piet hat oant likernôch 1982 in soad yn ‘t Frysk skreaun û.o. foar –
doedertiden – útjouwerij 'Alternatief' fan Lyckele Jansma yn
Bûtenpost mar is dêr – nei de nije stavering fan begjin njoggentiger
jierren – mei ophâlden.
De lêste jierren skriuwt hy it mearste yn it Stellingwarfsk, wat yn it
Nederlâns en sa út en troch dan dochs ek wer wat yn it Frysk.
Op 't heden is hy – njonken syn gewoane deistich wurk – noch drok dwaande mei it drukklear meitsjen fan de ‘Biebel in et Stellingwarfs’, in wurk dat aanst op Âlde Maaie yn boekfoarm syn beslach krije moat.
Ek alwer mear as trije jier is hy haadredakteur fan it ienichste Stellingwarfske e-mail moanneblêd 'An de liende',
in magazine mei fanalles en noch wat dat mei de Stellingwarfske taal en
kultuer – en wat dêr stiif tsjinoan leunet – te krijen hat.
Fierder hat hy noch wylde plannen oer it opzetten van EduStellingwarfsk
op it internet nei foarbield fan EduFrysk, en in Taalbank oer wat der
allegearre geande wie en wat der hjoed de dei noch allegearre geande is
yn de taal- en kultuerbeweging fan de Stellingwarven.
Foar it projekt fan ‘It heiteleaze bern’
hat Piet in sketch yn Stellingwarfske wurden makke, hoe’t it der yn de
midsieuwen rjochtens om en ta gong as de heit út de tiid rekke en mem
en har bern mar sjen moastten. It bernspat fan heiten erfenis mocht
nearne ta brûkt wurde, útsein yn trije gefallen, de saneamde
‘noaden’... ‘Noodrecht’.
*
Piet Bult is geboren en opgruuit in de Stellingwarven. Hi’j komt van
oorsprong uut Donkerbroek en woont now alweer meer as zeuventien jaor
in Ni’jberkoop.
Piet het an ongeveer 1982 toe een protte in et Fries schreven, o.e.
veur – destieds – uutgeveri’je ‘Alternatief’ van Lyckele Jansma in
Butenpost mar is daor – nao de ni’je spelling van begin negentiger
jaoren – mit ophullen.
De laeste jaoren schrift hi’j veural in et Stellingwarfs, wat in et
Nederlaans en zo now en dan ok weer wat in et Fries. Op et heden is
hi’j – naost zien gewone daegelikse wark – nog drok doende mit et
drokklaor maeken van de ‘Biebel in et Stellingwarfs’, een kerwei dat dommiet op Oolde Meie in boekvorm zien beslag kriegen moet.
Ok alweer meer as drie jaor is hi’j heufdredakteur van et ienigste Stellingwarfs maondblad ‘An de liende’,
een magazine mit vanalles en nog wat, dat mit de Stellingwarfse tael en
kultuur – en wat daor stief tegenan leunt – te maeken het.
Veerder het hi’j nog wilde plannen over et opzetten van
EduStellingwarfs op et internet naor et veurbeeld van EduFrysk, en een
Taelbaank over wat d’r allemaole gaonde was en wat d’r vandaege-de-dag
nog allemaole gaonde is in de tael- en kultuurbeweginge van de
Stellingwarven.
Veur et projekt van ‘It heiteleaze bern’
het Piet een skets in Stellingwarfse woorden maekt, hoe et d’r in de
middeliewen rechtens an toe gong, as de vader uut de tied raekte en
moeke en kiend heur mar zien mossen te redden. It kiendspat van heiten
arfenisse moch gienertied bruukt wodden, behalven in drie gevallen, de
zonuumde ‘noden’... ‘Noodrecht’.