By't opgean fan de sinne
Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home
By't opgean fan de sinne
Wolkom, freugde fan de wrâld,
Haadljocht oer de stjirren,
Griente - krûd en blommefâd,
Mjitter fan ús jierren.
Himelheach dy't al oersjocht,
Dy't ús dauw' en mist ûnttsjocht,
Dy't ús fjild bemielet,
Ja, mei goud oerstrielet.
Kears en lampe fan de dei
Ús fijân, iisteier,
Moudestower, droegewei,
Nacht- en froastferjeier.
Ljepper oer it wiet en droech,
Rûnomrinder, nimmer slûch,
Ier en let allinne,
Wolkom, wolkom, Sinne!
'k Sjoch de nacht al rju ferflein
Mei syn brune wjukken.
Alle man dy riist oerein
En begjint t'ûntlûken.
D'iene ploeget, sieddet, eid't,
D'oare skiep en kij ferweid't,
Elk drok in roeren
Om syn dwaan te stjoeren.
© Gysbert Japiks (1603 - 1666)
Fêstlein foar in fertaling, 23-0-2013