Limosa
limosa
Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home
Limosa limosa
de âlde skries sjocht
mei wiete eagen
hoe't in moune
de wyn opheint
it wetter sakje lit
in lyts boer mei
in grutte trekker
de greide ferskuort
en jarre bedôbet
hy sjocht net mear
syn te bebrieden aaikes
yn syn smûk nusje
de âlde skries kin wol janke
mar nimmen harket
nimmen die't him hjêrt
© Piet/er Bult