Net
te leauwen
Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home
Net te leauwen
Wat hy ik dochs graech leauwe wollen
mar koe gjin gaad'lik plakje fine
hânwizers nei ferskate tsjerken
moskees synagoges kathedralen
en folle mear ienichste wierheden
binne net te lêzen as ferdwûn
hy 'k mear tiid ik soe se
allegearre ris besykje wolle
no do(ch)'k it mei in dobbelstien
en hoopje der nei myn dea
dan mar it bêste fan.
© Piet/er Bult
Út de bondel 'Fersmarge grûn'
Yn disse bondel docht de dichter te witten dat hy yn in soad fan syn
dwaen en litten gjin grûn mear fynt om te dwaen wat hy eins wol
dwaen wol. Yn in inkeld gefâl is de boajem - alderdeegst -
folslein fotslein as blykt dat in ûnbegeanber paad in
blubbersêft moerâs te wêzen.