Yslân
Ûnder de fjoertoer fan ivoar fûn
ik in walfisk dea
Nachts bedobbe ik him yn it
swarte sân om ienris te pronkjen mei syn bonken,
In sfearfol fers. Oosting hat yn in pear wurden in skimerige kustwrâld oproppen wêr’t er sels in die stelt yn ‘e hope dat men yn ‘e takomst nochris oan him tinke sil. It soe in ferwizing wêze kinne nei de dieden en de langstmen fan elke dichter of keunstner.
It twadde is fan Auck Peanstra.
’k Sjoch it net as myn plicht
en skriuw in #twicht, want ik hâld mear fan in langer gedicht, mar
win ik de priis, dan betink ik my allicht.
In geastige,
poëtyske analyze fan it fenomeen fan de twicht. De
jeugdboekeskriuwster jout blyk fan it dedain foar twitter, dat sy
dielt mei in soad generaasjegenoaten, mar op iroanyske wize hâldt sy
alle mooglikheden iepen, omwille fan de mooglike priis.
Itselde, mar dan yn it
Stelligwerfsk, hat Piet Bult dien. Mar dat docht er net om der in
priis mei te winnen, mar foar de leafde, de bêste motivaasje fan
allegearre.
Toegeven, et wodt gienertied echt
een gedicht
want daorveur is et toch te licht
zoe’n zeuvenstuverse #twicht
veur mien liefste wicht
Dan komme
wy by de lêste twa dy’t de sjuery unanym as bêste útkeazen hat.
De iene is fan Cornelis van der Wal, in skildereftich beskreaune,
hast kosmyske bân tusken in fisker, de ûndergeande sinne, it
spegeljende wetter en de dea.
Fisker smookt en skriuwt mei fingers
fan reek
in antlit op de sakjende sinne
wolkens triuwe read ljocht
dea yn it wetter
De oare is fan Pieteke de Boer. Sy hat
de relativiteit van beloften, wurden en sels fertriet útdrukt:
Swiete wurden wurde wei yn sâlte
triennen, it wetter fan de see lûkt sân mei nei de djipste djipte
en it wurdt nea wer sa as it wie.
De sjuery hat besletten om as winner
fan de Sulveren Twicht 2012 út te roppen:
Cornelis van der Wal. Lokwinske!
Jetske Bilker
Sjoerd IJbema
Asing Walthaus